Wepperkes -sneintemiddei-

Utslaggen 17 april
17 april 2004
Programma SDS dizze wike
19 april 2004

40.000 besikers
Wy hawwe der net folle fan meikrigen, mar hjoed hawwe wy de 40.000e besiker op ús webside wolkom hjitte kinnen. Op nei de 50.000.

Hoe moat it dan wol?
Sûnt de Clarence-sluier-trofee der is, wurdt der noch wol gauris in penalty mist. Yn opdracht fan Cees Jansen makke Rienk Wiersma opnamen fan de penalty fan Gert Jan Hiemstra om sjen te litten hoe ’t it wol moat. Jimme kinne it hjir besjen: penalty Gert-Jan. Jimme kinne hjir hjoed of moarn ek sjen hoe at it net moat.

Wa wie dit?
Wommels: rijden onder invloed

Vrijdag om 00.05 uur reed een 22-jarige automobilist uit Easterein. De man werd gecontroleerd. Hier bleek dat de man had gedronken. Op het bureau blies hij 315 ug/l, goed voor een rijverbod van twee uur.

Dit stie op de webside fan Plysje Fryslân. Oansjoen eltsenien fan SDS 1,2,4 en 5 rûn tolven op tongersdeitejûn noch yn de fuotbalkantine sitte nimme wy oan dat it ien fan SDS 3 west hat.

SDS 2 kampioen!!!!!

SDS2 is dan dochs noch earder kampioen wurden as dat de bedoeling wie. It winnende doelpunt fan Donny Okkema wie bepalend. Foto’s fan harren binnenkomst binne fierderop te sjen op dizze side. Lieder Durk Okkema hat in stikje skreaun. Dit kinne jimme lêze ûnder; senioren, SDS 2, wedstrijdverslagen.


Nije fersoarger
SDS 1 hat foar kommend seizoen ek al in nije fersoarger oanlutsen. Jimme koenen him juster foar it earst yn aksje sjen. Syn namme hawwe wy ris earder heard: Lykle Bleekveld.

Lykle yn aksje.

SDS1 kampioen????

It like der sneontemiddei lange tiid op dat SDS in hiele goeie slach dwaan soe. Be Quick Dokkum stie mei 2-1 efter en  SDS sels stie mei 3-0 foar. Nei 90 minuten wie der teloarstelling. SDS1 liet it noch ta 3-2 komme en mocht dêroer net klaaie en Be Quick Dokkum wûn dochs noch mei 2-3.

 

SDS A1 wint degradaasjeduel
SDS A1 hat juster syn degradaasjeduel tsjin BCV knap wûn mei 6-1. Wy krigen hjoed dan ek al betiid in stikje fan Mark Postma. Jimme kinne it fine ûnder; junioren, SDS A1, wedstrijdverslagen.

SDS3 kampioen????

It kin noch altiten. SDS3 docht it yn de twadde helte fan de kompetysje prima. Yn Ljouwert waard wûn mei 1-7. Noch 2 twa kear winne en dan mar sjen hoe at it liket mei de konkurrinten.

 

SDS5 kampioen????

De tsjinstanners fan SDS5 binne  kampioen yn it ôfsizzen fan wedstriden.  Ryptsjerk wie moai op tiid yn Easterein, mar wie ek moai op tiid wer fuort. Unbegryplik wie it dat sy net in oere wachtsje woene om harren sportive plicht te dwaan. Harren sikretaris hie net trochjûn dat de wedstriid om 14.30 oere begûn ynstee fan 13.00 oere. Omdat Ryptsjerk 1 kampioen wurde koe gongen de gasten fuort, foardat de wedstriid begjinne koe. Sokke ûnsportive lju moasten se foar hiel lange tiid skorse.

 

Clarence sluier trofee.

It is tige opfallend dat sûnt it klassemint ynfierd is, der alle wiken wol in strafskop mist wurdt. Sneon 17 april foel Feiko Broersma yn by A-1. Hy waard ûnderúthelle en mocht de strafskop sels nimme. Hy miste. Feiko, dy’t ek noch jierdei wie, mocht efkes foar de fotograaf poseare. Sjoch by senioren.

 

Doelpunten

Hendrik de Jong hat it skoren wer te pakken. Ferline wike ien kear en no 2 kear. Hy is Babbel ûnderwilens foarby. De folsleine list stiet by senioren.

Wedstriidferslach en filmkes SDS 1
Wy hoopje gau noch in ferslach fan SDS 1 te bemachtigjen.
Hjirby sille wy dan ek de goal fan Hendrik en de stopte penalty fan Broer Wiebe sjen litte.