Programma SDS dizze wike

Wepperkes -sneintemiddei-
18 april 2004
Wepperkes (moandei)
19 april 2004

Ûnder agenda kinne jimme wer it folledige SDS-programma fan dizze wike fine.

Dit wykein allegear toppers. SDS 1 spilet om 14.30 oere de topper tsjin Be Quick Dokkum. Wint SDS dan stean beide ploechen lyk en komt it op de lêste wedstriid oan. Mocht Be Quick winne dan wurde sy yn Easterein kampioen.

SDS 3 spilet sneon yn Frentsjer om 14.30 oere de topper tsjin Frentsjer 3. Beide ploechen kinne lykas Mulier noch kampioen wurde.

SDS A1 spilet sneon wer in wichtige pot. Sy spylje om 12.15 oere thús tsjin Hardegarijp.

It liket ús hast dat SDS 5 sneon kampioen wurde kin. It koe dan wolris let wurde sneon. Sy moatte pas om 16.30 oere spylje yn Blija.