Wepperkes -snein-

Utslaggen 11-2-2006
11 februari 2006
Wepperkes -moandei-
12 februari 2006

Der net goed bij

Sneontemoarn gie it yn Easterein wer los mei B1. Gelokkich wiene der wer ek wer wat âlders oan de kant dy’t belangstelling hienen foar de ferrjochtingen fan harren bern.

Soms waard er ek fûleindich meilibbe. “Sjit him der yn” rôp Sjirkje Plantinga op in bepaald momint dat de wit-swarten gefaarlik wiene foar it doel fan de tsjinstanner.
Annette Kooistra wie alhiel ferbaasd: “Dy wit-swarten binne de tsjinstanners. SDS fuotballet yn griene sjurts”
Ferbjustere sjocht Sjirkje om har hinne: “Ik tocht dat dy dêr Bouke Jan wie”.
Wij moasten bekenne dat at je net skerp sjogge en –5 brildikte hawwe en de bril thúslitten hawwe dat it yndie sa wie dat ien wat de WitZwartSpilers wol wat fan Bouke Jan, har soan, hie. Sjirkje freget op ‘e jierdei in bril.

De grien-swarten binne SDS-ers

Meastal wie it nochal drok foar it eigen doel. Hjir is it efkes rêstich foar de lêste man (= ???) en Remco Piek.

 

Der net mear bij
Douwe Kool út Kûbaard, de supersnelle spits fan SDS 4, lit syn ploechgenoaten witte dat hij net wer fuotbalje sil foar SDS. Hij wennet sûnt koart yn Hommerts en fynt it gereis mar neat.

Grutte kâns dat hij bij HJSC syn plak fine sil.

 

Net mear
Ids Boersma hat syn ploechgenoaten fan SDS 4 witte litten dat hij folgend jier gjin lieder mear is fan SDS 4. Hij hat it no 5 jier dien en fynt dat in oar it stokje mar ris oernimme moat.

 

Slotdei
Sipke Hiemstra en Ype Tiemersma binne troch Ids Boersma frijwillich oanwezen om wat leuks te betinken om it seizoen fan SDS 4 goed ôf te sluten.

 

Traine of kompjoeterje
De wedstryd fan C1 gie net troch omdat de tsjinstanner ôfbelle omdat se te min spilers hiene. Dochs waard de jeugd fan C1 ferwachte om efkes lekker te trainen.
Net elkenien fûn dat leuk, mar de âlders wiene der yn it algemien wol te freden oer: “Oars sitte se dochs mar efter de kompjoeter.”, sa wie de algemiene miening.

 

Fritz Korbach gast op freonen- en sponsorjûn.
De freonen en sponsers fan SDS 1 hawwe in útnoeging krigen foar 10 maart om efkes noflik bij elkoar te wêzen. Sprekker op dizze jûn sil wêze: Fritz Korbach. Dizze trainer stiet bekind om syn smoute praatsjes en syn kleurrike taal.
Dat wurdt fêst in leuke jûn.


Set de sigaren mar fêst klear.

Doelpunten
Der waarden 8 doelpunten makke troch de trije seniorenalvetallen. Op de
topskoorderslist docht bliken dat Ype Tiemersma syn kopposysje flink ferstevige hat.