Freddy yn Liverpool!
4 februari 2006Utnoeging foar jeugdspilers
4 februari 2006Derksen herkint himsels
De ôfrûne wike lieten wij in foto sjen fan in spiler fan Cambuur yn 1971. Tjerk van der Pol út Wommels dy alle muoite om it krekte antwurd te finen en hâldt op lêst twa kandidaten oer. Derksen of Alma.
Oan wa kin je sa’n fraach better foarlizze as oan de redaksje fan it fuotbalblêd VI. Tsjerk krige in antwurd werom.
Beste Tjerk van der Pol,
Ik zou u graag willen helpen met de vraag.
Het enige probleem is dat het niet helemaal eerlijk is om de vraag van de week voor u op te lossen.
Ik kan u wel een tip geven: Het is niet Pier Alma…
Met vriendelijke groet
Voetbal International
At it dan net Pier Alma is dan moat it wol Johan Derksen wêze. Ja krekt de haadredakteur fan ……VI, dy’t dit mailtsje skreaun hat wierskynlik.
Oefenje
De A-junioren fan SDS en SDS 2 mei wat fersterkingen út it tredde, fjirde en fiifde soene sneontemiddei om 13.00 traine. Der wiene oan beide kanten sa’n 13 man dus waard besletten in oefenwedstrydsje te hâlden. De A- spilers ferlearen dizze partij noch al dik en sochten nei ôfrin harren treast yn de kantine fan de sporthal.
Oefenje (2)
Kommende wike binne der wer oefenwedstriden foar SDS 1 en SDS 2. It earste sil tiisdei nei Sneek en SDS 2 nimt it op tsjin AVC 1(en net AVC 2 sa ’t wy earder melden).
In maklik spultsje
No’t er net fuotballe wurdt, is der ek der minder nijs. Sa hawwe wij ek wer ris tiid om efkes ik spultsje te dwaan. Net te dreech fansels, want dêr hâlde wij net fan. Gewoan in potsje lisfytsmemory bijgelyks.
Oprop
Wij hawwe in fraach dy’t neat mei fuotbal te meitsjen hat mar mear mei sentimint. Yn de jierren 70 wie der in country-folkband de Hobo String Band. Troch harren kolderieke sjow wie de de Hobo String Band in band dy’t in protte frege waard om op te treden. Yn Fryslân treden se meast wat op yn it alternative sirkwie yn bijgelyks Warkum, Sint Nyk en Koudum. Fraach is: hat immen noch in âlde lp lizzen fan dizze groep en wol dygene dizze ek efkes ôfstean. Mail ús. Wij binne benijd.
Reaksje op oprop
It docht bliken dat wij Merkeplak net nedich hawwe, want binnen twa oeren nei ús oprop krigen wij dizze reaksje:
Wij ha thús noch in LP van Hobo string band (Dedicated to fiedel). At jimme die brûke wolle kenne jimme dizze wol ophelje (en werom bringe) haha!
M.V.G. Fam. B. de Boer
Formulier en foto’s ynleverje
De Treffers binne noch mar krekt yn de bus of de earste formulieren mei foto streame al binne. Jim kinne se ynleverje bij Eddy of Aant.
Gjin fuotbal
At er gjin fuotbal is dan moatte je je op oare sporten rjochtsjen gean. Wij koene juster kieze út it Frysk damjen, it kuorkebaljen of it bijwenjen fan in basketbaltraining. En dêr keazen wij foar sûnder de oare twa sporten tekoart te dwaan. Want wij wolle gjin rûzje ha mei Stoffel en Spannumers.
Wintersport
Nije wike begjint de wintersport yn Turijn. Om al fêst yn de stimming te kommen kinne jim efkes “Arend Glaske” spylje.
Mop
Moppen oer Ajax of Feyenoord binne der altiten of wurde makke. Wij hawwe fan beide noch ien lizzen. Ofhinklik fan de útslach hjoed, sille wij hjoed letter in kar meitsje.
In mopke dus
Einstein staat op een feestje, komt er iemand naar hem toe. Einstein vraagt:
Wat is jouw IQ? 250, zegt de persoon. Dus begint Einstein te praten over kwantische natuurkunde, blackholes, singulariteit en ruimtetijd…
Na een tijdje komt er een ander naar hem toe en Einstein vraagt hem ook:
Wat is jouw IQ? 150, zegt de persoon. Dus begint Einstein te praten over Internationaal recht, ethische conflicten met genetische manipulatie…
Iets later komt er weer iemand naar hem toe. Einstein vraagt:
Wat is jouw IQ? 100, antwoord de persoon. Dus begint Einstein te praten over de regering, de lonen, en benzine-prijzen…
Nog iets later komt er weer iemand naar hem toe. Einstein vraagt:
Wat is jouw IQ? 50, antwoord de persoon. Dus begint Einstein te praten over Idols, Big-Brother, Starmaker, Jouw vrouw, mijn vrouw…
Komt er daarna nog iemand naar hem toe. Einstein vraagt:
Wat is jouw IQ? 10, antwoord de persoon. Daarop vraagt Einstein hem: En? Beetje naar je zin bij Ajax?
Hawwe jim noch nijs, mail it ús