Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
27 januari 2006
Wepperkes -moandei-
29 januari 2006

Foarspelle
Wy krigen in tip fan Sjouke Walinga fan ONT. Hy tipte ús oer in webside wêr ’t je de toto ynfulle kinne foar it amateurfuotbaljen. Dit is in inisjatyf fan inkelde regionale kranten(û.o. Wijd en Zijd). It meidwaan kostet neat en de 1e priis is in grutte beker en mei namme de eer. Klik
hjir om te sjen wat it ynhâld.

Ryan Jones-Giggs?
It antwurd op ús fraach wie lêstich. It gie om Ryan Giggs fan Manchester United. Ryan Giggs naam nei de skieding fan syn âlders de namme fan syn mem oan. Hy hite derfoar Ryan Wilson(en net Jones sa ’t wy earst skreaunen). Tsjerk van de Pol wist ús hjoed op ‘e falreep it goeie antwurd noch te mailen. Chapeau!

SDS League
Jim hawwe noch 6 dagen om jim nije team yn te leverjen foar de SDS League. Klik
hjir om in nij team te meitsjen. De spilerslist is alwer wat oanpast. Samaras(HEE) stiet der no ek net mear op. Wierskynlik moat Maxwell(AJA) der ek noch ôf.

SDS 1 wint!
Yn in izich kâld Cambuur stadion oefene SDS sneontejûn tsjin Nijlân, in tredde klasser. SDS wûn mei 3-2. Wij hope de doelpuntenmakkers (fan SDS en Nijlân) noch troch te krijen.

Senioren en A-spilers futsalle
Sneontejûn wie it tradisjonele futsaltoernooi foar de senioren. Trochdat SDS in oefenwedstryd hie, wiene de A- spilers ek útnoege.
Sa wiene der dochs noch 30 spilers dy’t ferdield waarden oer trije teams.
Winners waarden: Stefan van Krimpen, Pieter Groenveld, Johannes Tichelman, Aant Hofstra, Durk Okkema en Jelmer Posthumus. De deeglikheid, de organisaasje, de routine en it skorend fermogen wiene de basis. De ploech wûn trije kear en spile ien kear gelyk.
Twadde priis wie foar Ids Boersma, Gearard Posthumus, Bote Strikwerda, Bauke Dijkstra, Folkert Rients Vellinga en Jos Zonderland.

SDS 3 en SDS 1 spilers grutte ôfwêzigen bij futsal
Dat de SDS 1 spilers net mei dwaan koene oan it toernooi wie wol dúdlik: sij moasten oefenje. Opmerkliker wie de ôfwêzichheid fan hast alle SDS 3 spilers. Allinne Gearard Posthumus en Gerrit Hingst dienen mei.

A1 aktyf op transfermerke
Ek A 1 is aktyd west op de transfermerke. Tidens it futsaltoernooi waard de nije Braziliaanske oanwinst presintearre. In spiler dy’t harket nei de namme Vitor. Der is gelyk al in staazjeplak foar him regele. Miskien dat immen dêr wat mear oersizze kin.

Diëet
As der juster ien fit oan it sealtoernoai begûn dan wie it Jos Zonderland wol. Hy liet witte dat hy oan in perzikdiëet sit. Hy yt alles….behalve perziken.

Samaras
Nei Huntelaar giet no ek Samaras fuort bij SC Heerenveen. At jim noch ris witte wolle hoe’t it allegear krekt gien is de lêste wiken, sjoch dan hjir.
At dizze transfer ek gefolgen hat foar SDS is noch net dúdlik.

Hawwe jim noch oanfullingen of nijs, mail it ús