Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
21 oktober 2005
Wepperkes -moandei-
23 oktober 2005

Puzzelje
Foar de leafhawwer efkes in puzzel om dizze snein en de hjerstfakansje troch te kommen. Wy ferwachtsje in protte dielnimmers fan de A spilers en hoopje fansels dat trainer Marco en lieder Klaas de goeie opstelling meitsje kinne. De tiid dy’t jim nedich hiene kinne jim maile .
Om de puzzel te meitsjen moatte jim efkes op de foto klikke dy’t fan plak feroarje moat.
Moandei in puzzel fan B1.

Big Pieter

Lokkich genôch waard dizze wike krekt op ‘e tiid ek Pieter G.(ek wol Big Pieter neamd) frijlitten troch justysje. Sa koe hy moai de organisaasje fan it Meinte Sixma-toernoai(tegeare mei Syb O.) op ‘e tiid wer oppakke.

Nijland 1 pakt 3 punten yn de lêste minút
Douwe Reitsma wit ús te melden dat Nijland 1 juster mei 3-2 wûn fan SVM. Neat opfallend oan wie it net dat de wedstriid al mei al 103 (!!) minuten (1e helte 48 en de 2e 55 minuten) duorre. De skiedsrjochter hie it dus dúdlik goed mei de Nijlanners foar want dy skoorden yn de allerlêste minút de 3-2 tsjin de touen.

Ferslach fan Sipke
It folgende ferslach fan de bekerwedstriid fan SDS 35+ krigen wy justerjûn binnen fan Sipke. Hy wie bliid dat hy mei mocht want dan hoefde hy net nei Nijlân:

Hoi jonges,
Best genoch dat jim al sa snel de utslach en een ferslach op de site setten ha fan de 35 plus. Fierder fyn ik dat Wicky gelyk hie troch te stellen dat je better nei je eigen klup gean kinne dan bygelyks nei Nylan.
(en dat is net tsjin Nylan bedoeld hjer) Goed, de wol oanwezige supporters, o.a. Jan Spar, seagen dat SDS hjoed een knappe pot spile mei een terjochte oerwinning. De stimming wie al goed want Sipke hie (25 jier troud) een kratsje bier en een hapke tsiis mei nommen. Yn de kantine dy blyken dat Noord-Burgum een stikje musyk regele hie, fergelykje it mar mei Jan Bouke Bouma bij SDS. Dit wie een ald skoalgenoot fan Sipke (suvelskoalle 1974-78). Mei musyk ut de jierren 70 en 80 en it feit dat hij foar de mikrofoon een pear keer sei dar SDS 35 plus wun hie en dat it earste fan SDS 1e klas spilet koe bij us de stimming net stikken. (En dat is dan noch hiel sacht sein) Om goed seis ure binne we mar nei hus ta gien sadat Noord Burgum ek nog efkes fan da musyk genietsje koe. Troch us enthousiasme (mei namme yn de kantine) kinne we binnenkoart wol een utnoadiging foar een ljochtwedstriid ferwachtsje. Eltsenien hat der no al sin oan, mar wa wol der ride?

Held op sokken?
Geert Dijkstra fan SDS A1 woe graach efkes reagere op it stikje fan trainer Marco Hoekstra fan SDS A1 oer it slappe trainen fan woansdei. By dizze:
Oké Marco. Ik gean de folgende kear wol op sokken trainen. Doarst dan al tsjin my? Dizze wike sille wy der wer foar gean en dan pakke wy kommende sneon de 3 punten wer.
Geert


Nijs?
Hawwe jim noch nijs, mail it dan nei ús.