Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
9 oktober 2004
Wepperkes -moandei-
10 oktober 2004

Wraak
It koe fansels net útbliuwe, de wraak fan SDS. Doe’t wy tafallich justerjûn de hûn efkes útlieten seagen wy immen dwaande yn de tûn by in hûs oan de Bûtenwei, tafallich wennet Ate Feike de Boer dêr. De tekst wie wol dúdlik

De dieder ek!

Doelman (1)
Alles en elkenien wie der klear foar by SDS 2. De reis nei en de striid tsjin Urk. Mei in lange reis foar de boech, sette men op tiid ôf. Elkenien hie de goeie tas mei, dat wie kontroleard dus …..
Men wie krekt 5 minuten ûnderwei, dus yn de buert fan Lytsewierrum en Gruttewierrum, doe gie de mobyl oer by immen fan de spilers.
“At se dochs net wat fergetten wiene, de doelman bygelyks?”

Remco Brouwer, wie wat te let út Dronryp gien en stie memmesiel allinne yn Easterein. Se hawwe him dochs noch mar ophelle en hy stie sels gelyk yn de basis.

Doelman (2)
De doelmannen by SDS miene dat se ûnmisber binne en begjinne dêr misbrûk fan te meitsjen. Remco Brouwer te let mar ek Jaap Boekholt melde him te let doe’t SDS 4 fuort gie. Ek hy stie gelyk yn de basis.

Doelman (3)
Jappie Wijnia stiet yn it doel by SDS 3. Dat docht hy omdat dit better is foar syn skonken. De drang om te fuotbaljen is lykwols grut. Tsjin Blauw Wit mei in 4-0 stân wist hy Sjoerd van Beem sa fier te krijen dat hy it keepoerssjurt de lêste 10 minuten oandie en sa koe Jappie him yn de spits melde. Hy skoorde 1 kear.

In twilling
Dy rjochtermiddenfjilder fan Blauw Wit moat in ferfelende middei hân hawwe tsjin SDS 3. Át it him slagge wie in spiler foarby te kommen dan stie dy selde spiler twa tellen letter al wer tsjin oer him.  Sa gie dat hieltiden wer. “Wat in biter” moat hy tocht hawwe. Wy witte wol better: De twilling Wagenaar hearse tegearre oan de lofterside fan SDS 3.

Doelpunten
Ype Tiemersma fan SDS 4 wie de man fan it wykein. Hy skoorde 3 kear yn de wedstriid tsjin Zeerobben. Hy soarget foar wat druk op Hendrik de Jong en Gerard Posthumus dy’t ek wer skoorde.  De komplete list stiet by senioren.

Joost Verheus
Spiler en spits fan E4, skoort graach en in protte. 2 wiken lyn fan de 4 doelpuntendy’t SDS E4 makke, skoorde hy der 4, ferline wike fan de 9, skoorde hy 8 en juster fan de 13 makke hy der wer 8.

Selsbetrouwen
Aris wûn juster de earste wedstriid yn de eare defysje fan it basketbal. Kommentaar fan ien fan de spilers: Us selsbetrouwen is no sky high. Dat liket ús ek fan tapssing op de seleksje fan SDS1

Kommintaar
Anne Brouwer dochs mar efkes frege hoe’t it siet mei de winst yn Nijlân. “Wy hawwe maklik wûn, of ik kin it better oars sizze:”

 “Wy ha wûn mei twa fingers yn de noas”

 

Mear wepperkes
Der is noch folle mear nijs.
Want siket Cambuur net in spits en wat hat dat te meitsjen mei SDS en Stiens.
Wannear ferlear SDS 4 foar de lêste kear?
Oefenje tsjin de ploech fan Kees Jansen?
Krije wy hjoed it ferslach fan SDS 1 al fan Wichard?
Is Stefan van Krimpen al yn de penne klommen om oer SDS 2 te fertellen
En hoe sit it mei Anco of Sjoerd: kinne sy útlizze werom it sa goed giet mei SDS 3
En B1 heare wy dêr ek wat mear fan, nei twa prima oerwinningen mar wol mei in protte tsjindoelpunten?
Hawwe jim noch oar nijs, mail it nei
info@vv-sds.nl
Of hat immen noch wat foto’s makke yn Nijlân. Wy wolle se graach hawwe.