Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
10 oktober 2004
Analyse fanút Nijlân
11 oktober 2004

Sykje de twa ferskillen!
   
Ik sjoch it net!

Foto’s Nijlân 1 – SDS 1
Jimme kinne wat foto’s besjen fan ôfrûne sneon op de webside fan it Dophok yn Easterein. Klik dan hjir.

Analyse fanút Nijlân
Fanmiddei kinne jimme hjir in analyse fanút Nijlân ferwachtsje fan de wedstriid Nijlân 1- SDS 1. Wierskynlik stiet jûn de analyse fan Wichard Deinum op ‘e side. Der giet praat dat Ates Feikes de Boer der foar soarge hat dat Wichard in firus yn ‘e komputer hat en dat it dêrtroch allegear wat langer duoret. Wy binne benijd.

Ferslach Urk 3-SDS 2
It duorret even foar wy it ferslach fan SDS 2 fan Stefan van Krimpen krije. Klik
hjir en jimme kinne in ferslach fan de wedstriid Urk 3-SDS 2 lêze, mar dan fan de oare kant besjoen.

Goed besocht
Juster is ús webside knap besocht. Wy hiene juster 437 besikers. Der wie dan ek nogal wat te melden. Hawwe jimme noch wat foar de side(of b.f. foto’s fan Nijlân-SDS), mail it dan efkes nei
info@vv-sds.nl.

SDS C1 wint mei dúdlike sifers

SDS C1 hat de gang nei boppe te pakken. Nei it lykspul fan forige wike waard sneon knap mei 4-0 wûn fan Akkrum. It ferslach fan Klaas Pompstra kine jimme hjir lêze.

Neat ferjitten
De lêste wiken wie it eltse wike fêste prik dat ien fan de famylje Dijkstra wat ferjitten wie en dat mem Mattie de jonges fan alles efter hun broek oanbringe moast. Dit kear
koe Mattie gewoan twa wedstriden fanôf de kant tasjen. Har man (B1) en beide soanen (B1 en C1) wienen sneon yn Easterein en Jelte Pieter spile net fanwege in blessuer. Ek dochter Tineke spile thús en sy hie ek alles yn de tas. Dit kear koe se efkes genietsje fan it fuotbal en volleybal en it moaie waar.

Bejaarden

Foar de wedstriid Zeerobben-SDS stiene der twa fan dy opsketten jonges te sjen by it  ynskoppen fan Jaap troch Aant. Talrike fragen waarden ôffjurre lyk as: Zijn jullie het vijfde, waar komen jullie vandaan, verliezen jullie wel eens en hoe oud zijn jullie eigenlijk?. Doe’t wy op dy lêste fraach it antwurd joegen, seagen wy ferbazing op syn gesicht. “Myn fader is ok 45 “sei er en hy bedoelde “ik sien myn fader fan 45 noch niet foetballen”. Doe’t wy oanjoegen dat er sels al 5 fan âlder as 50 wiene, rekke hy alhiel fan slach.

De leeftyd spile dochs wol wat in rol yn dizze wedstriid, want hearden wy nei 20 minuten harren lêste man net roppen: “Wie laat die bejaarde lopen?” en hy bedoelde Roel dy’t in goeie oanfal fia Sipke en Folkert Rients ôfronde.
”Pak dan an, dy 50plussers”, hearden we 10 minuten letter, want Ype Tiemersma skoorde.

Nei de thee, koene wy noch 3 kear sinnen fan gelikense strekking heare want SDS 4 skoorde noch 3 kear. Sipke en 2 kear Ype wiene doeltreffend. En oer de noch jonge doelman fan SDS (Jaap is noch mar 44) kinne wy koart wêze: hy kearde wer as in jonge hûn.

Cambuur op syk nei spitsen.
It giet net goed mei Cambuur. Prima spul, mar gjin doelpunten en dus gjin punten. Ek mei Cambuur 69 in klasse 6a (sneons) giet it striemin. Sy skoorden ek mar 3 kear yn 6 wedstriden en krigen boppedat yn de lêste wedstriid 15 tsjin. It bestjoer fan Cambuur siket  nei fersterking. Mar wa wol no nei Cambuur. Nasjonale spitsen wolle net, sels wurkleaze spitsen kinne der ûnderút komme, sûnder dat it harren de útkearing kost. It bestjoer fan Cambuur hat it fizyr no rjochten op it amateurfuotbal. Kommende tongersdei is wer sa’n wedstriid yn it Cambuur stadion. Stiens (sneins 4deklasse-boppeoan) tsjin SDS (sneons 2deklasse- boppeoan) By Stiens binne alle eagen rjochten op Hessel Meijer en by SDS op Hendrik de Jong. Wy binne benijd at Hendrik dy wike dêrop noch meidocht tsjin WPB of dat hy spilet yn dat giele sjurtsje en dy blauwe broek.

Lange noas
Wy krigen fansels reaksjes op de “twa fingers yn de noas foto”. Men woe witte wat Anne dêr no krekt fan fûn. Wy hawwe besocht him te beljen mar krigen him net oan de lyn. “Hy sit noflik te lêzen yn syn favorite boek”, sa sei Ina. Wy wisten net dat Anne in lêzer wie en fregen ús ôf hokker boek dat wie.

 

De titel fan it boek is: Anne lûkt in lange noas nei Nijlân.

Noch mear oefenje
Moandei 18 oktober oefent SDS ek. Op it fjild
fan DTD yn Jelsum sil CSL (3b sneons) de ploech fan Kees Jansen de tsjinstanner wêze.