Wepperkes -snein-

SDS F4 is ek kampioen!
16 mei 2004
Skûtsjeskippers fan SDS5 werom
16 mei 2004

SDS 5 ûnder wetter
SDS 5 hat juster gau syn wedstriid fuotballe en is dernei ôfsetten. Wy hawwe gjin idee wat sy dwaan gienen. Wy witte wol dat eltsenien in swembroek meinimme moast en dit waard sjen litten mei de wedstriidbesprekking.


Neikompetysje
Yn ‘e neikompetysje om in plak yn ‘e 2e klasse bliuwt it spannend. Bûtenpost pakte by Be Quick Dokkum in lykspul. Hurdegaryp wûn thús mei 2-0 fan Wykels/Hallum. Tiisdei spylje de ploechen wer tsjin elkoar. Yn de striid om in plakje yn ‘e earste klasse hat Nijland ferlern mei 2-1 fan VEV’67 út Leek. Nijland liket útskeakele. Je witte it allinne noait. Yn it winterskoft tochten wy noch dat sy degradeare soenen. Blau-Wyt’34 spile thús 0-0 tsjin CVVB.

Regioteam
Hendrik de Jong hat juster mei in regioteam spile tsjin Harkemase Boys. De wedstriid waard spile yn ‘e Hommerts. Harkemase Boys wûn mei 4-0. By it regioteam dienen spilers mei fan ûnder oare Blauhûs en IJVC. Ek de keeper fan Bolswardia die mei. Broer Wiebe de Ringh krige 3 goals om ‘e earen.

De krâns
De SDS ‘ers Dirk Yde Sjaarda, Tsjipke Okkema en Marten Faber pakten juster de krâns op ‘e juniorenpartij yn Wommels.

SDS League
Hjoed in soad goals yn ‘e eredivysje. Dit sil fêst konsekwinsjes hawwe foar de stân yn ‘e SDS League. Dizze wike kinne jimme hjir de einstân fan ‘e SDS League ferwachtsje.

SDS 4
SDS 4 hat juster mei 4-0 ferlern fan Nijlân 3. Hielendal gjin skânde fansels as je heare dat Nijlân 3 hjirmei kampioen wurden is. SDS 4 hie earder fan ‘e wike ek al fuotballe. Sy ferlearen mei 4-6. Doelpunten wienen der fan Pieter Kamstra (3) en Halbe Overal.

Dúts ynternational
Net ien goed antwurd krigen wy op ‘e fraach welke âld-Dúts ynternational
hjir sa’n gritte kâns mist.It is Frank Mill. Hy fuotballe doe by Borussia Dortmund en hat ek spile by Borussia Mönchengladbach. Hy hat ferskeidene kearen foar it Dútse alvetal spile. Hy die û.o. mei yn ‘e wedstriid op it EK 1988 tsjin Nederlân. De útslach witte jimme noch wol.