SDS-ers hjoed op sportive toer

Wepperkes -tongersdei-
4 januari 2007
Wepperkes -snein-
6 januari 2007

Hjoed tilt it op fan de aktitiveiten bij SDS. Wij sette it noch efkes op in rij en hoopje dat alle senioren leden harren hjoed efkes sjen litte en dat in protte freonen ek efkes lâns komme.

 

13.30 Earste SDS Snertkuiertocht
Elkenien dy’t draven te hurd giet en mear geniete wol fan de omjouwing, roppe wij op mei te dwaan oan in
kuiertocht oer de Pôle. It is in tochtje fan maksimaal sa’n 6.5 kilometer en dat moat te dwaan wêze. En wês no earlik, de snert smakket better at je earst wat dien hawwe.

Wij hawwe begrepen dat ek rolstoelers meidwaan wolle en dêr is neat op tsjin. Wa’t de rolstoel mei Marcel triuwt litte wij noch efkes yn it ûngewisse. Graach gjin spikers op it paad smite.

Ek stokrinne is mooglik. Wa’t net de orisjinele Nordicstokken hat, kin mooglik in pear oanwiisstokken fan de keatsferiening brûke. Let op de roosters ûnderweis mei dy stokken.

 

14.00 Twadde SDS snertrin

Hast alle senioren en A-junioren komme oan de start. In peleton fan tenminste 70 dravers sil har bêst dwaan om in goeie tiid del te setten of foar tsjuster binnen te wêzen. Meidwaan is wichtiger as winne fine bijgelyks Eddy en Aant dy’t oanbean hawwe de reade lantearn te dragen. Fansels binne de klaaiboksen iepen en in koarte broek is net ferplicht. Graach op tiid komme (jildt ek foar Johannes) want de start is klokslach 14.00 oere.

 

15.00 Snertite

De aktiviteitenkommisje hat wer moai wat splitjerten ynkocht om dêr hearlike snert fan te meitsjen.  Foar alle rinners en dravers is der in kop snert. At je witte wolle hoe’t dit makke is dan kinne je
hjir sjen.

 

15.30 Nijjiersresepsje

De foarsitter wol ús efkes tasprekke. Hij sil fêst efkes werom sjen mar wol foaral foarút sjen.

16.00 Petje op Petje af
De kwiskommisje hat spesjaal foar dizze dei in
Petje op Petje af fuotbalkwis makke. Elkenien kin meidwaan. Alteast at je in pet of oar hollelid meinimme.

 

16.15 Kenniskwis
De trije kandidaten Ype, Wichard en Gearard sille yn earste ynstansje stride om in plakje yn de grutte finale. Trij ronden krije se de kâns om sich te pleatsen.

 

16.45 Skoft

 

17.00 (Muzikale?) útrikking 1e, 2e en 3e priis SDS league

 

17.15 Finale kenniskwis 

Om dizze prachtige bokaal, yn frisse foarjierskleuren en dy’t makke is  troch Atty , wurdt sneon striden.

 

Alle tiden binne bij benadering.