Wepperkes -snein-

Útslagen 11-11
10 november 2006
SDS-reservelist en stoppe
12 november 2006

Twadde klasse K
Al jierren is dit in geweldich spannende klasse. Ek dit jier is it ferskil tusken de ûndersten (1 punt gemiddeld)  en de boppeste (noch gjin 2 punten gemiddeld) minimaal. At it sa troch giet wurdt it wer in grutte lotterij wa’t kampioen wurdt. Sjoch
hjir foar de stân.

Help
De webmasters krigen sneon wat help fan Bert Couperus om alle einstannen en doelpun tenmakkers op it fertroude briefke te krijen. Klasse Bert.

Op ‘e foto
SDS 2 is juster op de foto kommen mei harren sponsor Nico Ruiter. Moarn kinne jim it rissultaat hjir sjen.

Doelpuntenmakkers
Seis doelpunten wie de meagere skoare fan 5 seniorenalvetallen. Opfallend is dat en Wichard Deinum en Durk Okkema no trije wike efterelkoar 1 kear skoorden. De komplete list stiet
hjir.

Wêr binne se bleaun? (1)
De kommende wiken sille wij in oandacht jaan oan wat âlde jeugdkaarten. Wij binne fansels benijd wêr’t se bleaun binne en at se noch fuotbalje.  At jim oars wat witte te melden fan  dizze spiler  yn eardere tiden, dan graach
in mailtsje. At jim op de foto klikke, krije jim in grutter eksimplaar.


Harsens derby(20)
Dizze is spesjaal foar Robert en Daan(klik
hjir). Wat in goal!