Wepperkes snein 13-1

Midwintertoernooi
11 januari 2008
Wepperkes moandei 14-1
14 januari 2008

Frouljustoernoai
Sneon 19 jannewaris is der in sealtoernoai foar de famkes en froulju fan SDS. It begjint om 19.00. der wurdt op in soad publyk rekkene.

Poll Midwintercup
Op de webside fan Avanti stie de lêste wiken in poll mei as fraach wa ’t de winner wurde soe fan de Midwintercup. De measten gienen foar Avanti en der wienen sels noch inkelden dy ’t rekken hâlden mei in stunt fan SDS. Op Drs. Vijfje hie net ien rekkene(klik hjir).

1 út 2
Dirk Yde Sjaarda joech in pear wiken lyn oan dat hij mei mear as bysûndere belangstelling Feyenoord noch altiten folget en dat hij optimistysk is oer de takomst. Mei 1 út 2 wol hij it der no efkes net oer ha. Gelokkich hat er wol
oare dingen te fertellen.

Op tv?
Kommende wike begjint de Australian Open. Wij riede jim oan dit jier net allinne op de tennisters te letten mar foaral op it publyk. Want yn oranje sit op de tribune Dirk Yde Sjaarda.

Toernooi

B1 en A1 hiene juster harren sealtoernooi. Wij binne fansels benijd nei de winners. (Ferslach fan Klaas P. komt letter)

Sealtraine
Ek dizze wike kinne in oantal jeugdteams wer yn de seal traine.

DAG TEAM DATUM TIJD TRAINERS  
Ma F4/F5 14-jan 16.00 Bauke Dijkstra 331600
Ma F3 14-jan 17.00 Jildert Hijlkema 332554
Do D1 17-jan 17.00 Anne Hallema 332928
Do D2 17-jan 17.00 Anne Hallema 332928
Vr E3 18-jan 17.00 Broer J. Greidanus 332461
Vr E4 18-jan 17.00 Gert J. Veenendaal 332672

Freek
Freek de Jonge wie juster op de Ajax resepsje. Op de fraach at van Basten trainer wurde moast fan Ajax seit de Jonge: “Deze kerk kan beter een goede koster hebben dan een slechte van Basten”.

Muppet
Sûnt 2 wiken is Remco Brouwer syn hûntsje Muppet kwyt. Hy hat oeral pamfletten ophong en kaam sels op Omrop Fryslân radio en tillevysje. Spitich genôch levere dit noch altiten neat op. Wy hawwe noch wol in tip. Miskien is Muppet hjiryn te sjen……………