Wepperkes -snein-

Wepperkes -freed-
20 juli 2007
Kompetysje-yndielingen senioaren
23 juli 2007

Beker SDS 3
Ek SDS 3 docht kommend seizoen wer mei oan de beker. Sy sitte yn de poule mei:
AVC 2
SC Franeker 5
Mulier 2

Al wer nei…….
De feteranen fan SDS dogge dit jier ek wer mei oan de bekerstriid. De earste ronde moatte sy spylje tsjin……… Zeerobben. Al foar it tredde jier no is dat de tsjinstanner yn de earste ronde. Dat is gjin tafal mear.

Al wer mei…….
Der gie yn Itens in geruggie dat Skelte Anema wer mei dwaan sil yn de earste klas. Yn Ingelum op 29 july wol hij him wer presinteare. It hat grutte kâns dat er syn eksuses oanbean hat, want hij sil wer keatse mei ……Tjalling Sikma en Jaap Toering. Op ien of oare wize hawwe wij harren net op de priis.

No mei…..
Der komt wat beweging yn de partoeren fan de earste klas. Feite de Haan liket in sprong foarút te meitsjen. Want mei Arie den Breeyen en Tjitte Bonnema sil hij seker goed meidwaan. It giet nei de PC yn.

Mei syn allen
It programma foar SDS 1(klik hjir) en SDS 2(klik hjir) is opsteld. Opfallend is dat sawol SDS 1 as 2 op sneon 3 novimber út nei Balk moatte. Mei syn allen mar yn de bus soenen wy sizze.

WK
Tiisdeitejûn sil der wer yn Wommels fuotballe wurde fanôf 19.30 op it fuotbalfjild. Wa ’t nocht hat komt mar efkes del.

Net mâlder!
It moat net mâlder! De fans fan Lionel Messi komme sels samar út de loft fallen(klik hjir).

Nijs
Nijs en berjochten kinne jim altyd kwyt op
dizze adressen!