Wepperkes -freed-

Kompetysje-yndielingen bekend!
19 juli 2007
Wepperkes -snein-
21 juli 2007

Lollum- Wommels
Op de agenda stie hjoed de wedstryd Lollum-Wommels. Jammer genôch giet dizze wedstryd jûn net troch. Ek yn Lollum is aardich wetter fallen.

Beker SDS 2
Ek de bekeryndieling fan SDS 2 is bekend. SDS 2 sit yn de poule mei:
Workum 2
Bolswardia 2
ONS Sneek 2

Noch altiten lid
Wij hiene de nammen troch krigen fan it bestjoer fan de yndieling fan de senioren alvetallen. It docht bliken dat de oersichten net hielendal of hielendal net goed binne. Wij krije nammentlik dit mailtsje fan Bas de Haan:

Willem Veenstra van sds6 (sds4)  stopt niet met voetballen zoals aangegeven op de site!!! 
Willem belde mij en zei: Gek ik heb niet aangegeven dat ik wilde stoppen, ik ben tenslotte de belangrijkste speler van het team 🙂 
Hopende jullie voldoende te hebben geinformeerd.
Wij binne hjir fansels bliid om, want leden dy’t net al te heech fan de toer blaze binne der net safolle.

Ek noch altiten lid!
Ek Harm-Auke Dijkstra is noch altiten lid. Ek hy wie net werom te finen op de list. Lokkich genôch kaam hy der sels efter dat hy miste en hong hy lyk oan de bel. Hy sit kommend jier by SDS 5 en giet de konkurrinsje oan mei oare goalgetters lykas Eddy de Boer en Ype Tiemersma.
 
Agraryske partij
Wij meitsje wol ris reklame foar in keatspartij yn Wommels of Easterein. Dat moat kinne. Mar ien kear yn it jier sjogge wij efkes fierder. Want at der yn Itens in earste klas keatspartij is, dan wolle wij jim dat graach witte litte. Sneon 21 july is it wer safier. Om 11.00 begjint it. En der steane fansels wer wat SDS-ers op de list. En grutte kâns dat jim Sjouke Sjoukema ek sjogge: hij giet der meast bij lâns mei in skaal woarst en tsiis.
 
Knap útgoaie!
As keeper moat je net allinnich goed balllen tsjinhâlde kinne, mar tsjintwurdich moatte je ek goed meifuotbalje kinne. Ek knap útgoaie heard dêrby. Net ien kin sizze dat dizze keeper net knap útgoaie kin(klik hjir).