Wepperkes -snein-

Utslaggen sneon
16 februari 2007
Wepperkes -moandei-
17 februari 2007

SDS 1 ferliest
SDS 1 ferlear yn minút 90 fan Wykels Hallum. Tige teloarstellend omdat in gelykspul de ferhâldingen better oanjûn hiene. Henk Bootsma makke wer hiel wat foto’s en dy kinne jim
hjir sjen.

Fjildkommisje

De fjildkommisje is de ôfrûne wike drok dwaande west mei it ferpleatsen fan de reklamebuorden(foar foto’s klik hjir). Om romte te meitsjen bij de kantine wie it nedich dat de buorden der wei helle waarden en ferpleatst binne nei de oare kant.
Sneontemiddei praten se efkes nei en pikten ek noch wat fleisprizen mei bij de lotterij. Oaren beneamden dit mei de wurden: it skyt wer op de grutte bult.

Chris Resing

Chris Resing? Wa is dat?
SDS hie sneon in tige bysûndere gast op besite. De amateurkenner fan Nederlân Chris Resing giet alle wiken op sneontemiddei nei in amateur wedstryd yn Nederlân en fierders wit hij gewoan fan alle amateurklups yn Nederlân hast alles. Hiel bysûnder wie it dat hij SDS ek al jierren folget fia de webside en hij kin suver al wat Frysk lêze. Hij sparret fuotbalsjalen en jubileumboeken en sa wie hij ek yn it besit kommen fan in SDS sjaal en in Wykels Hallum sjaal.
Dizze Chris Resing wie sneontemiddei yn Easterein en hij hat in flink stikje  SDS-Easterein kultuer meisnúft.
Moandei kinne jim bij ús sjen wat hij allegear noch mear die as it fuotbaljen sjen.

Hattrick
In echte hattrick skore is al hiel wat: trije doelpunten yn ien helte. In strafskop hattrik skoare is neffens ús wol hiel bysûnder.  Ruurd Boorsma makke yn de earste helte tsjin AVC trije doelpunten en it wiene alle trije strafskoppen. Hiel bysûnder.

SDS 5
De freonskipsbannen mei Skearnegoutum wurde hieltyd steviger. Dit komt foaral troch Jacob Plantinga. Skearnegoutum 5 kaam sneon mei de bus nei Easterein, fuotballe in kânsleaze pot, mar sieten in kânsfolle pot nei.


Mei it draaiend rêd skoorden se ek noch wat prizen dy’t se frijwillich wer ôfstiene oan in folgende ronde.

Mobyltsje
Freedtejûn wie der in toanieljûn yn Skearnegoutum. Dat betsjut dat alle doarpsbewenners en famylje dat meimeitsje wolle. Sa ek Harm Auke Dijkstra. Hij sliepte bij Jappie de Vries thús. Dyselde Jappie moast sneons tsjin SDS 5 fuotbalje en it like Harm Auke in prima idee, om it sliepritme wat te ferstoaren. Hij lei syn mobyltsje neist it bêd fan Jappie en liet it om in oere as ôfgean. En foardat dy dat ding úthie, wie it hast al ljocht.

Gerrit Terpstra
In tryste ôfgong wie der foar Gerrit Terpstra. Hij fuotballe mei SDS 3 en hij rekke swier blesseare oan syn knibbel. It like sa min dat de sikenauto skille waard. Gerrit waard ôffierd nei Snits. Nei wat foto’s en sa waard konstateerd dat er net sprake is fan in brutsen “knibbel”.

Triuwe
Foar sjoffeurs fan sikenautos is it altyd mar ôfwachtsje wêr’t se telâne komme. Bij in fuotbalfjild is it ek efkes sykjen wêr’t je it beste lâns kinne.
De sikenauto fan Gerrit rekke fêst yn de drek en de spilers fan Wykels Hallum moasten der oan te pas komme om de auto wer los te triuwen.
Kin gebeure soene je sizze, want dy sjouffeur kin fansels ek net witte dat it sa wiet is dêr.
Hoewol: Sjoffeur op dizze sikenauto wie Trienus de Jong…..fuotballer fan SDS 5.

B1 ferliest en hoe….
Foarôf kin ik allinnich mar sizze dat:
         
we de kânsen better benutte moatte hienen;
         
dat we net rêstich en konsintrearre útfuotballe ha mei 0-2 foar;
         
dat we der alles oan dien ha;
         
dat de jonges harren allegear goed gedroegen ha;
         
dat we CVVO lokwinske mei de winst en trije wol hiel kostbere punten!
         
En…
         
dat we, en dat treft lokkich net sa faak, ‘swier naait’ binne troch de man yn it swart
         
En…
          Dat dizze man in moaie fuotbalwedstriid nei de bliksem holpen hat.
It ferslach. fan Klaas Pompstra

Sealtrainen jeugd

DAG TEAM DATUM TIJD TRAINERS
MAANDAG F4/F5 19-feb 16,00UUR ANDRE VINK
MAANDAG F3 18-feb 17,00UUR DURK YDE
DONDERDAG F1 22-feb 17,00UUR SAMME OVERAL
DONDERDAG F2 22-feb 17,00UUR CHRISTIAN 
VRIJDAG E3 23-feb 17,00UUR JAN SIMON JELSMA
VRIJDAG E4 23-feb 17,00UUR JELMER DE BOER