Wepperkes -snein-

Easterein wint
24 augustus 2007
Wepperkes -moandei-
26 augustus 2007

SDS 60 jier
Under skitterende waarsomstannichheden hat SDS de lêste twa dagen feest fierd. It begûn freed allegear mei de derby Wommels-Easterein en einige justerjûn mei in barbekjoe en muzyk fan Tjeerd Abma. In slagge feest wêr’t wij fansels in protte yndrukken op dien hawwe en mei in protte foto’s. Wij sille de measten hjoed online sette.

Easterein-Wommels
Fan te foaren in protte wille en gedoch. Yn de lêste oerkes foar de wedstryd in geweldich spektakel fanút Wommels en fierders in spannende wedstryd dy’t yn 1-1 einige en dêrnei beslist waard troch strafskoppen yn it foardiel fan Easterein.
Us eigen foto’s fan freed mei hjir en dêr wat kommintaar dy kinne jim
hjir sjen.
Foto’s fan Jaring Rispens binne
hjir te sjen.
En foto’s fan Henk Bootsma sjogge jim it beste at jim
hjir klikke.
Ek Op e Skille hat infotoreportaazje.

Omrop Fryslân
De omrop makke freed opnames dy’t sneon yn it nijs útstjoerd binne. Ek op sneintemoarn om 9.00 wiene se noch te sjen. Wa’t it dochs noch allegear mist hat, kin it
hjir noch in kear besjen.

Moters op de Terp
In prachtich gesicht fansels: de spilers fan FC Wommels mei dêr tusken troch de moters.
Us filmke

Clinic sc Heerenveen
Sneontemoarn wie it feest foar de bern. Sij krigen in pear trainers fan sc Heerenveen op besite om wat leuke oefeninkjes te dwaan. In prachtich barren mei in soad entoesjaste bern en heiten en memmen. Foto’s kinne jim
hjir besjen. Ek fan Bauke de Boer krigen wij noch wat foto’s. Dy kinne jim hjir sjen.

Prinsipe
Alle bern krigen in prachtige poster en wat oare hebbedinkjes fan sc Heerenveen nei ôfrin fan de klinik. Wij hawwe begrepen dat ien fan Heeres mantsjes út Wommels prinsipieel wegere om in poster mei te nimmen: “Ik bin foar Ajax”, wiene se syn wurden.

Bekerfuotbal
SDS 1 kaam juster net yn aksje, mar die wol goeie saken. Se hawwe ikt hielendal yn eigen hân om troch te gean. Sjoch
de stân neidat juster de wedstryd Blauw Wit tsjin Trynwalden yn 2-2 einige.

Hoefolle is it?
De famylje Sieperda út Wommels woe neat fan it spektakel misse en fytste nei Easterein om dêr de yntocht te besjen. It fuotbal koe harren net it measte skele dus gyngen se gelyk nei hûs, wylst de wedstryd begûn.
Boargemaster Liemburg en har man wiene wat oan de lette kant en sij kamen op de fytspaad de famylje Sieperda tsjin.”Hoefolle is it”, frege mefr. Liemburg belangstellend oan de weromfytsende famylje Sieperda.
“1 euro” rôpen se yn koar.
“Nee, dat bedoel ik net, de stân”.
“Oh, dy is noch 0-0.

Grapke
Juster heard yn de Jimbar:
SDS bestiet net 60 mar 120 jier…….Se telle alle minuten dûbel.

Net in grapke
Feike Jorritsma syn fyts is freedtejûn “liend” en de folgende deis stikken fûnt flak foar Wommels. Wa ’t hjir mear fan wit kin kontakt opnimme mei Feike sels(klik hjir).