Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
12 mei 2006
SDS 4 op stap
14 mei 2006

E2 kampioen
Der binne dit jier net folle kampioen bij SDS. Dêrom binne wij grutsk op E2 dy prestearden it dochs mar. Se wûnen de lêste wedstryd mei 0-3 yn Snits en dat wie genôch.
Klaas Visser is trainer en lieder fan dizze ploech en Johan de Graaf is ek lieder.
De spilers binne: Ruurd, Remco, Gosse, Rico, Mette, Jelle Jan, Bert, Joost, Habib en Marco.

Bij in famke!!!

De twa tige belangstellende broers Mark en Henk Postma kamen sneontemiddei wat earder nei it sportpark om efkes te sjen bij harren jongeren broer Johan. Dy spile mei A2 tsjin ONSTOP A3. De teloarstelling of ferwûndering bij Henk wie wol hiel grut, want de manier wêrop hij dizze wurden útspruts seine genôch: “Oh, hij stiet bij in famke”

Ek yn de blommen

Juster binne der in oantal frijwilligers yn de blomkes setten troch leiders en spilers fan SDS C1. De manlju fûnen dat wakker moai, want dan hoege ja de doar net mear út foar memmedei. 
De froulju Ingrid Los en Jeltje Pompstra krigen in boskje foar it om beurten waskjen fan de shirts.
Skiedsrjochter Evert Tanja krige syn boskje yn Wommels, foar it skiedsrjochterjen en tagelyk ek foar it nij hûs.
De trainers Gert Jan Hiemstra, Wouter Hylkema en Stefan van Krimpen krigen in boskje foar harren trainingen.
Allegear tige tank foar jimme ynset!
Lieders en spilers fan C1.

C1 wint rynsk fan Harns
It op ien nei lêste ferslach fan Klaas Pompstra oer C1. Dizze kear lekker posityf sa seit er sels. Sjoch
hjir

Op it 4de plak
Elkenien hat sa syn eigen folchoarder fan wepsiden besykje op ynternet. Minne Bonnema liet ús witte dat SDS bij him op it 4de plakje stiet. Nei Hotmail, Nu.nl, it waar wurdt SDS alle dagen efkes besjoen. Wij hoopje dat wij oer in jier bij de earste trije sitte.

Skoareboerd yn aksje

Libbende muzyk yn de kantine

Sneon wie it sa’n bytsje de ôfsluter fan it fuotbalseizoen. Undanks it feit dat noch net alle wedstriden spile binne. Oebele Anema fan de aktiviteitenkommisje die efkes in wurdsje en hie it oer it libbende klup. Der wie gelyk in 80 stimmichmannen en froue koar dy’t de hit “Oebele,Oebele, Oebele”, songen.

Swartwyt wurdt Oranje
De kommende wiken giet it swart wite fan SDS oer yn it Oranje fan van Basten. De kroechbaas fan kafé Bergsma spilet dêr aardich op yn mei in orisjineel Eastereinder sjurt.

Foar Wommelsers binne der blanko sjurts.

Mear nijs
Der is noch folle mear nijs mar dat bewarje wij foar jûn of letter. Te tinken falt oan in fotoreportaazje fan it útstapke fan SDS 4, en hoe fergie it SDS 4 nei in jûntsje goed trochsakje. En Harm Auke komt wer yn byld as in echte strafskop misser.
Hawwe jim noch wat te melden, mail
it ús