Wepperkes -snein-

Útslagen sneon 21 april
21 april 2006
Wepperkes -moandei-
23 april 2006

SDS 1 ûnderút
SDS 1 ferlear juster fan VIBOA mei 2-0. Terjochte? Lês it op Topamateurvoetbal.nl(klik hjir).

Bysûndere blessure
Geert Dijkstra, de Winsumer A1 spiler melde foar de wedstryd bij Marco dat it net wis wie at hij wol spylje koe. “Wat no? “frege Marco, “ik haw lêst fan de tean, want Laura, myn freondinne, siet mij efternei, en stampte mij efkes goed op de tean doe’t se mij te pakken hie.”
itdielshus16aprilwwwsissyfotosnl13.jpg
Hat sy dat dien?

Sissyfoto’s.nl
At je sommige A-spilers wat better kennen leare wolle, bijgelyks at je witte wolle, wat se it lekkerste wyfke fine, at je witte wolle wat se sneintemoarn útfine en at se wolris smoke dan kinne  je
hjir sjen.

Kampioen?
SDS E2 docht noch altiten mei om it kampioenskip mar ferlear sneon foar it earst. Út by Nijlân waard it 2-1. Klik hjir foar it ferslach fan in útsliepte Johan de Graaf.

Nije Treffer
Binnenkoart komt de nije Treffer alwer út. Hawwe jimme noch wat? Mail dit dan foar woansdei nei DeTreffer@vv-sds.nl!

Amper
By SDS 2 is de meast earlike jongen fansels Gerlof Veldstra. As hy in oertreding makket dan jout hy altiten ta dat hy fout siet. By de wedstriden fan SDS 2 kin je dan ek geregeld fan Gerlof heare;”Ja mar skeids, ik rekke him amper………”.

Giet better
Fan Anke hawwe wy juster heard dat it wol aardich giet mei de blessure fan Jeroen Brouwer. Hy rint alwer sûnder krukken.

Balkon
Wij binne it net fergetten: dat geweldige oanbod fan Ate Feike de Boer. “At SDS kampioen wurdt, kin de huldiging bij mij fanôf it balkon oan de Terp fierd wurde.”
Sa’t it no liket hat it lykwols mear kâns dat de SDS-ers Ate Feike huldigje moatte fan wege it kommende kampioenskip fan Nijlân 1. Op syn eigen balkon.

Nije SDS-sokken!
Foar degene dy ’t noch graach nije SDS-sokken keapje wolle foar it ein fan it seizoen(Jos!) dy kin hjir sjen wêr ’t sy dêrfoar wêze moatte.

010-020
Fannemiddei spile 0.10 tsjin 0.20. 020 wûn mei 2-4. De echte fans kinne de namme fan de tsjinstanner net oer harren lippen krije.

Net fuotbalje mar….
Juster wiene de measte senioren alvetallen frij. Foar ien kaam dat prima út. Hij koe dêrtroch meidwaan oan de wrâldkampioenskappen lisfytsen yn Bokvoordt.

In doelpunt dat net meitelt.
Foar Gerlof Veldstra binne de fruchten wol hiel soer. In hiele reis nei Hoogeveen, in kear skore en dan telt it doelpunt net mei yn de topskoorderslist fan SDS. Want hiene wij net oankundigige dat doelpunten fan swarte listers net meitelle. En helaas hat Gerlof noch altiten net oan syn ferplichtigen foldien.
Sa sjocht it der no út.

M BROUWER WOMMELS
L.J. V D BRUG HENNAARD
Y. BURGGRAAFF LOLLUM
R VAN DIJK LEEUWARDEN
J. DOTINGA WOMMELS
F.E. DUIPMANS EASTEREIN
J.K. HAITSMA WOMMELS
A. HOEKSTRA WOMMELS
TJ HOEKSTRA EASTEREIN
H DE JONG WOMMELS
J. JORRITSMA ITENS
D KOOL KUBAARD
K. MALDA WOMMELS
S. NAUTA ITENS
S. RISPENS WOMMELS
J. STENEKES WOMMELS
G.O. VELDSTRA WOMMELS
F.R. VELLINGA BOLSWARD
T. VERMEULEN KUBAARD


Letter mear!