Wepperkes -snein-

Utslaggen 8 april 2006
7 april 2006
Frijwilligersjûn
9 april 2006

In bui
Wat in stevige bui wol net oan ellinde bringe kin op in sneon die juster bliken. Wedstriden fan F2 en F4 dy’t ynkoarten waarden ta 13 minuten totaal, omdat de lytskes totaal ferklomme  yn de boks sieten en sommigen echt net fierder woene.
En in haadfjild dat ôfkard waard om fierder om te fuotbaljen.

SDS 1 spilet gelyk
Klik op de foto om originele grootte te bekijken
Troch it minne haadfjild waard de wedstryd spile op it B-fjild. Pas om trije oere koe der ôftrape wurde. It waard in wedstryd mei twa gesichten, mei in 3-3 stân op de ein. Henk Bootsma makke wat foto’s dy’t jim hjir sjen kinne. Klik hjir foar it ferslach op Topamateurvoetbal.nl.

Grutte ôfwêzige
Nei 30 minuten yn de earste helte hie der in 3-0 stân op it nije skoreboerd stien, at dat te plak stien hie. No moast elkenien it sels noch ûnthâlde en dat slagge mei gemak.
Net op de bank sieten de lieders Anne Brouwer en Jan van Asselt. Anne hat it slim te pakken en der waard sels efkes suggereart dat hij yn de Burgum de kninesykte oprûn hat.
Oan de kant waard al gau sprutsen oer it effekt fan dizze ôfwêzichheid, want trije kear skore yn de earste klasse wie noch net earder bard. Eddy de Boer wie no de rjochterhân fan trainer Marcel Frankena

Eeltje
Wij hawwe der wer ien. Eeltje Postma miste in strafskop bij A2 en komt ek yn it Clarence Sluierklassemint. Hij fûn dat suver wol leuk.
Wat hij net leuk fynt dat wij him Eeltsje neame. It is Eeltje, wêrfan akte.

Flagger yn de dugout
It is net leuk om in wepperke te meitsjen wêryn je sels de haadrol spylje mar op fersyk fan Ype, Jaap, Ids, Piet, Klaas, Jelle, Ype, Bertus, Folkert Rients, Roel en Tjeerd doch mar efkes “de blooper.”
Aant stiet yn de twadde helte te flagjen en wit in oantal kearen te foarkommen dat Arum der troch hinne rint troch bûtenspul te konstatearen. De skiedsrjochter en de ferdigening hiene der hieltyd mear betrouen yn omdat hjir in talent oan it flagjen wie.
In kertier foar de ein melde Ids him oan de kant mei de meidieling dat Aant der wer yn moast. Gelyk waard de flagge dellein, de dugout waard opsocht om de lange broek efkes út te dwaan en krekt op dat momint brekke wer twa Arumers út dy’t normaal sprutsen foar bûtenspul werom fluite wiene. De hannen fan de ferdigeners omheech, de blik fan de skeids nei de kant mar helaas gjin flagge omheech. Dy lei yn de dugout neist in omklaaiende Aant. It waard dus 5-1.

In moai affysje
De veteranen fan SDS wisten net wat se seagen doe’t se yn Arum oankamen om dêr tsjin Arum 2 te spyljen.

D3 wint
D3 hie in drege neijierskompetysje mei in hiele protte nederlagen. No binne se btter yndield en derom melde se no ek mei grutskens dat se wûn hawwe. Se hawwe der in moai ferslach fan makke.
Christian Zijlstra skoorde in echte hattrik


Dreech??

mijn   moeder zij dat het moeilijk zou worden.
maar nee we heben met 0 – 6 gewonen
Piter, Gerwin, Koen, Inne ,Alize en Yward,
haden een doelpunt gemaakt
Met andere woorden gezegt
het was een leuke wetstrijt. 
inne heerma 
(RES F4 – SDS F3)

In echte flagger
Wij kinne ús goed foarstelle dat Klaas Pompstra justerjûn syn nocht hân hat. Earst mei C1 in 5-5 gelykspul helje, doe flagje bij SDS 2 en dêrnei ek bij SDS 1 mei de flagge yn de hân. En dan te witten dat it flink wiet wie oan de kanten fan it fjild. Wij tinke dat Klaas juster flink ôffallen is, at hij net te let nei hús gien is.


Cheerleade!
It cheerleaden fan de heren fan SDS 1 by de follybalfroulju fan COVOS 1 wie juster in grut sukses. It holp de froulju allinne net bot. Sy ferlearen mei 4-0. Moarn kinne jim de foto’s hjir besjen. Hat der noch ien foto’s(of in filmke??) mail se dan nei info@vv-sds.nl!

Hawwe jim noch nijs stjoer in mailtsje nei ús.