Wepperkes -moandeitejûn-

Programma SDS dizze wike
10 mei 2004
SDS League: De ideale elf
11 mei 2004

SDS E1 kampioen
SDS E1 is ôfrûne sneon kampioen wurden. Sneon wûnen sy rom fan nûmer 2 LSC. SDS E1 wûn mei 7-2. Dan binne je terjochte kampioen fansels. It wykein koe dus net stikken foar heit en mem Scheltema. Sicco op sneon kampioen mei E1 en Britt sneins de 1e priis mei it skoalfamkespartoer yn Ingelum.

SDS B2 ferlern

SDS B2 hat sneon net mei 3-2 wûn fan RES sa as ús side fermelde, mar jammer genôch mei 4-3 ferlern. De goals fan SDS waarden makke troch Paul(2x) en Simon(1x).

Eindlik skorst!
Eindliks is der dan berjocht kaam oer de skorsing fan Gert-Jan Hiemstra nei syn reade kaart fan 2 wiken werom tsjin Be Quick Dokkum. Hy is skorst foar twa wedstriden mei yngong fan 10 maaie! Dit komt foar Be Quick krekt te let.

Hoefolle besikers?
Forige wike hawwe wy bulten besikers hân op ús webside. Hast 2500 (2476 presys) minsken hawwe ús webside besocht. Dit is in nij rekord fansels dat wy net gau wer ferbetterje sille.

Mear as 1250 goals
Ûnder De Treffer, Doelpunten SDS kinne jimme wer in grafyk fine mei doelpunten fan SDS dit jier. Hjiryn yn mear opsichten allegear nije rekords. It oantal doelpunten, it oantal teams (22), en eindliks in oar team dan in F-team boppeoan(E1).
Derneist ek (wer) opfallend dat it 5e heech op ‘e list stiet. Lykas it 1e yn it lofter rygje. Der binne by de jongerein noch in oantal wedstriden te spyljen. Dat wy komme fest boppe de 1250 goals.
Moai symbolisk want it is ek 1250 jier lyn dat Bonifatius by Dokkum fermoarde waard.

De Ljouwerter Krante
No at SDS 1, 2 en 5 dit wykein net fuotballe hawwe, is de Ljouwerter Krante ek minder oan om te lêzen(!?)

Mear wepperkes
Wy hawwe noch wat nijs lizzen, mar dat komt letter fan ‘e wike. Hawwe jimme noch wat mail dat dan nei
info@vv-sds.nl.