Wepperkes -moandei-

De Skoalleseize sit net stil!
22 januari 2006
De "nije"SDS League!
23 januari 2006

Giet net troch
De oefenwedstryd fan SDS 4 en SDS 3 op tiisdeitejûn giet net troch. It risiko om blessures op te rinnen is te grut.

Âlde lullen
Juster wie der yn de sporthal wer in sealtoernoai. De gebrûklike teams dienen wer mei(Kafé Bergsma, De Greidhoeke, Jimbar ensfh.). Trochdat in soad fuotballers mei SDS 1 yn Grins sieten wienen de seleksjes fan inkelde teams al wat oanpast. Sa helle it Kafé moai wat âlde hynders fan stâl. Dit wienen se:

-Ap de Bruin (keeper)
-Klaas Okkema
-Klaas Visser
-Marco Reynhoudt
-Freddie Scheltema
-Pieter Veenje
It toernoai ferûn best wat it Kafé oangie. Tsjin de Jimbar waard wûn en sy hellen úteinlik 4 punten. It bleaun ferfolgens noch lang ûnrêstich yn de sporthalkantine.

SDS League
Letter hjoed kinne jim hjir alles lêze oer de “nije” SDS League.

Nije Treffer

De nije Treffer leit by Hanzedruk. As alles goed giet dan kinne jim de Treffer ein dizze wike yn de bus ferwachtsje.

Sealtoernoai SDS
Sneon wurdt it SDS-sealtoernoai foar senioaren wer hâlden. Eltsenien dy ’t meidwaan wol kin him opjaan by Roel Sybesma 0515-332186.

Pop-up
It kin wêze dat wannear ’t jim dizze webside opgean jim in pop-up krije fan Scarlet of wat dan ek. Hjir kinne wy neat oan dwaan. Dit hat te krijen mei de teller op de webside. Dizze teller wolle wy leaver net kwyt om ’t wy dan alle besikersoantallen en kwyt binne.

Letter mear!