Wepperkes -snein-
10 december 2005Wepperkes -tiisdei-
12 december 2005Oan ‘e kont
Neffens de ferslagen wurdt SDS 1 hieltiten better. Jammer genôch levere dit sneon dochs wer in ferlies op. Lês hjir wat Topamateurvoetbal.nl der fan fûn.
De nije boksen
Moaie swart/wite kleuren jouwe in sfearfol effekt oan de nije boksen.
It geheim fan A2
Ofrûne sneon helle A2 flink út tsjin Joure A3. Nei in rêststân fan 3-3 waard it 8-4. De jonges yn it fjild moatte it fwaan mar dúdlik is wol dat de begeliedersstêf in grutte rol spylje yn dit gehiel. Fansels is dêr Durk Okkema. Hij lêst de wedstryd. Fansels is dêr Greetje Bruinsma en Wikje Kooymans: sij binne foar it geregel en it medysk ûnderdiel. En net te ferjitten is dêr Jan Rinse Blanksma. Ek sneon socht er op syn “sneinske” skuon wer in paad yn de drek as grinsrjochter en hij joech wierskynlik in oantal tige brûkbere tips yn it skoft want bij de LC koach fan dizze wike stie hij op it 114 de plakje en dat is mei mear as 9000 dielnimmers net min.
Noch gjin winterstop
De sealfuotballers fan SDS 1 moat dochs noch ien kear los foar it winterskoft. Folgende wike woansdei spylje sy thús tsjin de Golden Oldies.
SDS 3 wint al wer
SDS3 bliuwt it goed dwaan yn dizze klasse. Ek sneon wûnen se mei 4-0. Op de foto Wouter Hylkema, Theo Postma en Jentsje Jorritsma. It skriuwen fan in ferslach is foar harren ek gjin inkele muoite. Dizze kear is Theo Postma yn de pinne klommen. Hij skriuwt oer de wedstryd en it jûntsje út.
Kenniskwis
Kommende tongersdei is de tredde foarrondejûn fan de kenniskwis. It is ek de lêste trainingsjûn fan de senioren. Dêrom in moaie jûn om it heale seizoen ôf te sluten.
Hawwe jim noch nijs? Mail it nei info@vv-sds.nl!