Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
11 december 2005
SDS League: Komt dat schot..! pakt wykpriis!
13 december 2005

Gert Bals
Juster krigen wie dan eindliks it goeie antwurd op de fraach welke 2 Nederlanse keepers foar Barcelona keept hawwe. Klaas Pompstra, Tsjerk van de Pol en Wichard Deinum wisten dat de iene keeper Ruud Hesp wêze moast. Dit klopt mar de oare keeper wie in probleem. Freddy Scheltema kaam juster dan eindliks mei it goeie antwurd: Gert Bals.

Gert Bals(hjir as keeper fan Ajax yn 1969) spile yn 1974 ien wedstriid foar Barcelona. Rinus Michels(yn 1969 trainer fan Ajax) wie trainer by Barcelona en spile yn de foarbereiding yn Nederlân. Hy hie allinne foar de oefenwedstriid tsjin Fortuna Düsseldorf net mear in keeper. Hy belle Gert Bals en dy woe wol efkes meidwaan. It waard 3-3 en Gert Bals waard bedankt.

SDS 4 wint
Under besieljende lieding fan Ype Tiemersma hat sneon SDS 4 wûn. Wylst lieder Ids Boersma earne oars in opstelling makke (fan meubels en soks sa wat) sette Ype de 11 tsjin Nicator del.
In ferslach.

Knappe ferve
Foar de nije SDS-boksen is earste klasse ferve brûkt(klik hjir).

Hoefolle punten hellet SDS 1 noch?
De earste helte fan it programma sit er op en der binne sels al twa wedstriden spile fan de twadde helte.
Wat dêrbij opfalt? SDS krige beide kearen ien doelpunt minder tsjin as de earste wedstryd. HZVV wie5-0 en no wie it 4-0 en Staphorst wie 1-0 en dêrnei 0-0. At dit op de selde wize sa troch giet komt SDS tekoart foar it tredde plakje fan ûnderen. Derom jouwe wij harren de rie om ien doelpunt minder tsjin te krijen mar ek ien doelpunt mear te meitsjen. Dan komme se oan de ein op 16 punten en dat is genôch foar it tredde plakje fan ûnderen.!!!
Hjir ús rie yn byld

      utslach punten
SDS 1 HZVV 1 0-5  
Staphorst 1 SDS 1 1-0  
SDS 1 Oranje Nassau 1 0-2  
PKC’83 1 SDS 1 3-0  
SDS 1 Viboa 1 0-3  
Noordscheschut 1 SDS 1 3-0  
SDS 1 BCV 1 2-1

3

asv Dronten 1 SDS 1 5-0  
SJS 1 SDS 1 4-2  
SDS 1 Holwierde 1 1-2  
CVVB 1 SDS 1 1-1

1

SDS 1 Staphorst 1 0-0

1

HZVV 1 SDS 1 4-0  
Oranje Nassau 1 SDS 1 1-1

1

SDS 1 PKC’83 1 1-2  
SDS 1 Noordscheschut 1 1-2  
Viboa 1 SDS 1 2-1  
SDS 1 asv Dronten 1 1-4  
BCV 1 SDS 1 0-3

3

SDS 1 SJS 1 3-3

1

Holwierde 1 SDS 1 1-2

3

SDS 1 CVVB 1 2-0

3


Kenniskwis
De oankundiging foar de kenniskwis op 15 desimber is al yn it hiele lân te sjen. Dit boerd stiet op de dyk tusken Kastrikum en Sânfuort. It docht bliken dat se goed bij binne mei de ynformaasje dêr want de goeie nammen steane op it boerd.

In magysk getal
Justerjûn om goed 22.00 oere besocht de 250000 ste besiker ús hiemside.

Traine SDS 4 en 5
Kommende tongersdei kinne de SDS 4 en SDS 5 spilers noch in kear traine. Dêrnei is der in koarte winterstop want op 12 jannewaris giet it al wer oan.

Op tillevysje
Gerrit Hingst docht mei syn band The Secret ferskeidene tillevysje-optredens op it heden. Op 27 novimber wie hy te sjen op RTV Oost yn it programma Regiotap club. Klik hjir om it programma te sjen. The Secret komt ûngefear nei 51 minuten en 30 seconden.

Hawwe jim noch nijs? Mail it nei info@vv-sds.nl!