Wepperkes -snein-

De wedstriden fan 10-12
10 december 2005
Wepperkes -moandei-
11 december 2005

Leuk
Jelle de Boer ( SDS 4) hie in tsjinstanner fan Nicator dy’t op ien like.  “Do likest op Messie”, sei Jelle tsjin him. De tsjinstanner wie efkes út de skroeven mei sa’n opmerking. Dat duorre net lang, want Jelle sei der efter oan: “Do kinst allinne net sa goed fuotbalje”.
De Messie fan Nicator wie net op syn bekkie fallen: “Do hast dyn beste tiid tiid ek hân seker” sei hij snjiddich.

VI
De fraach oer de twa doelmannen fan Barcelona hâldt in protte minsken dwaande. Nimmen liket it antwurd te witten. De oplossing leit bij Jelle de Boer op Skrok. Hij hat alle VI-s dy’t ea útkommen binne yn syn besit. Dêr sil it fêst yn stean. Mar yn hokker fan de goed 1600?

Di Tomasso
Degenen dy ’t Di Tomasso yn harren team foar de SDS League hawwe krije in ferfanger. Dit wurd Braafheid fan Utrecht. Dizze spiler hie ûngefear like folle punten as Di Tomasso.

Jan Peter Bootsma

It keeperstalintsje út Itens (E1) traint al in heal jier bij sc Hearrenfean. Dizze wike is bekind wurden dat hij de kommende tiid dêr bliuwe mei te trainen. Op toernooien mei hij meidwaan wêr ’t ek Ajax en Feyenoord oan meidogge.

Gjin Wouter mar Jildert

Bij SDS 4 roppe se wol gauris at er immen te min is “kin Wouter net efkes meidwaan” .
Sûnt juster is dat oer. Soan Jildert hat it stokje al oernommen en fuotballe fol fjoer mei SDS 4. Hij skoorde ek noch.

Ype lieder
Ids Boersma is hast nea ôfwêzich. Sneon wie der der net. Hij moast earne oars de opstelling fersoargje. Syn buorman Ype Tiemersma naam it muoiteleas oer. Mei in 3-1 oerwinning kin hij wol thús (en bij de buorman) komme.

SDS 3 derop út.
De jonge mannen fan SDS 3 en Wichard binne der justerjûn efkes op út west. Yn de Taxi fan de Jong binne se ôfsetten. Werhinne? Wij heare it fêst noch wol.

Doelpuntenmakkers
Bij de senioren stiet de komplete list. Dúdlik is dat Ype Tiemersma der alles oan docht om de winter yn te gean as de topskoorder. Albert Jan Joustra die in goeie haal mei 3 loepsuvere doelpunten.

Seale
Hjoed wurdt der troch in soad SDS ‘ers wer fuotballe yn ‘e sporthal. It begjint om 11.00 oere. Wint de Jimbar it wer of lit de Greidhoeke harren net wer it tsiis fan de bôle ite?

C1 wint ek wer
Klaas Pompstra docht ús wer in ferslach takommen fan syn C1 ploech.  Hjir it
it ferslach

Hawwe jim noch nijs? Mail it nei info@vv-sds.nl!