Wepperkes -moandei-

Wepperkes en útslagen -sneon-
4 mei 2007
SDS 1 slút seizoen ôf.
7 mei 2007

SDS A1 jûn traine
SDS A1 traint jûn om 19.00 oere.

SDS 1 derop út
Ôfrûne freedtejûn gie SDS 1 derop út. Sy gienen op ‘e fyts nei Slachtehiem en wy binne benijd as de weromreis ek in “slachfjild” wurden is. Moarn kinne jim it ferslach en de foto’s fan Marcel Frankena hjir sjen.

SDS 5 yn aksje
Tiisdeitejun sille de feteranen fan SDS de greide yn. Sij nimme it thus op tsjin AVC. It begjint om 19.30 oere en publyk is wolkom

ONT yn ‘e neikompetysje
ONT hat juster op wonderbaarlike manier mei 1-0 wûn fan QVC. Hjirtroch mei ONT yn de neikompetysje en is QVC degradeerd. Mocht ien opnames makke hawwe fan de goal fan ONT dan wolle wy dy graach sjen. Hylarysk!!!!(klik
hjir).

Nije keeper
SDS is foar folgend seizoen drok op syk nei keepers. Ien SDS’er is al drok oan ’t sollisiteren nei in plak ûnder latte:

Ype Tiemersma yn aksje op Keninginedei(foto Henk Bootsma)

Net promoveerd
It liket derop dat SDS 3 net promoveert. SC Franeker 2 joech earst oan dat sy as kampioen net promovere woenen. Hjir komme sy no op werom. Dêrby komt dat SDS 3 nei it ferlies fan ôfrûne sneon it 2e plakje ek ferspile hawwe.

Aant online?
As it goed is hat Aant hjoed in monteur fan @home yn ‘e hûs dy ’t probearet om Aant wer online te krijen. Wy hoopje dat Aant jûn wer wepperje kin.
@Home

Grof smoargens
It wie mar goed dat der moandei yn Wommels gjin grof smoargens ophelle waard. Oars hie der in kompjoeter bij stien. No is der noch in moanne de tiid om it probleem op te lossen. Off line dus.

Oefenje
De futsallers fan SDS 1 moatte ein fan dizze moanne noch oan de bak yn de neikompetysje om yn de Haadklasse te bliuwen. Om alfêst wat te oefenjen yn de seal kin dit filmke miskien fan pas komme(klik
hjir).