Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
8 mei 2005
Wepperkes -tiisdei-
10 mei 2005

ONT oefent tsjin Jong Cambuur
ONT de kommende tsjinstanner fan SDS oefent dizze wike noch in kear sa lêze wy op de side fan ONT. Tiisdeitejûn yn it Cambuur stadion om 19.30 oere.

Net woansdei mar tongersdei
Sa as jimme ek yn de agenda lêze kinne bekert SDS 2 net woansdei mar tongersdei yn Assen tsjin LTC. De wedstriid begjint om 19.00 oere.

Partoer 15 op de juniorenbûn
Sneon moat SDS tsjin ONT. Dat is in wichtige pot. Dan mei der net ien misse. Dan soene je sels spilers út Skotlân weihelje wolle om der by te wêze. It liket dat us korrespondint út Skotlân, dy’t ferline wike sa drok oan it oefenjen wie mei de keatsbal, yndie oerkomt, want wa stiet er op de list sneon??.
By partoer 9 stiet ek immen dy’t wy dêr leaver net sjogge.

2de klas kenners falle ôf
It is no al wis dat in grut oantal dielnimmers dat meidocht om de titel “1ste-klas kenner fan de twadde klasse K” net mear meidocht troch ferkearde foarsizzingen.
Wa’t noch wol meidocht kinne jim
hjir sjen.

Sportspotsjes
Yn de Ljouwerter krante fan moandei stiet by de rubryk wer in sportspotsje fan SDS. Jim kinne it yn de krante lêze, mar ek by de rubryk de Treffer-sportspotsjes-

Jierdei!
Bas van der Wey fan SDS 5 fiert hjoed syn 29e jierdei. Fan herte lokwinske! Felisiteer him ek troch
hjir te klikken.

Ferslach SDS 1-QVC
It ferslach fan SDS 1 tsjin QVC fan ôfrûne sneon is te finen op
www.voetbalnoord.nl. Je kinne ek hjir klikke.
Yn de Ljouwerter Krante stie ek in grut ferslach fan sportjournalist Evert de Jong. Jim kinne it yn de krante lêze mar ek
hjir. In foto fan Hendrik de Jong kinne jim yn de krante sjen (hawwe wy gjin rjochten op)

Drok
It wie ôfrûne sneon drok yn ‘e kantine. Dat is oan de foto’s dúdlik te sjen. Betink ûnderskriften by de foto’s en mail se nei
info@vv-sds.nl!

De boargemaster fan Spannum wie der ek!

………..en dy fan Easterein.



Sûnder Appie kin gjin feessie trochgean.





Aant en Oebele hawwe it fêst oer de rin-11-stêdentocht.





It wie ek drok efter de bar.