Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
3 maart 2007
SDS League: Klaas Dijkstra pakt op ‘e nij de wykprys!
6 maart 2007

SDS League
Moarn kinne jim hjir de nije stân fan de SDS League besjen.

Nei Sweden
Mark Postma lit witte dat hy yn augustus/septimber foar in healjier nei Sweden sil te studeren. Hy sil begjin folgend seizoen dan ek in skoftke net foar SDS útkomme.

Tegels derút en stiennen der yn
Sneon wiene hiel wat frijwilligers dwaande om de tegels derút te heljen en de stiennen der yn te dwaan. In oantal foto’s kinne jim hjir sjen.

Folslein programma
Wij steane oan it begjin fan in wike wêr’t in it hiele sirkus sneon wer begjint. Ek de sântallen geane sneon wer los.
Wij begjinne dizze kompetysje mei in nije D3 en F5.
It hiele programma kinne jim hjir sjen.

Futsal
Futsal 1 hat dizze wike op freed in programma en wol yn Harns tsjin Exstador.
Futsal 2 mei noch in wike bekomme fan de striid fan ferline wike.
Futsal 3 spilet woansdeitejûn thús op “primetime”. 20.30 oere dus.

Missers fan de ieuw……..
Juster seagen jim hjir Martin Palermo mei alfêst de goal fan it jier. By de èchte fuotbalkenners giet der lyk in beltsje rinkeljen as sy de namme “Martin Palermo” heare. Wie dat net dy spilers dy ’t 3 kear yn ien wedstryd ……….? Ja, dat kloppet(klik hjir).

Pikefel(19)
Neffens my soenen je hjir júst gjin pikefel fan krije as je yn dit stadion sitte, mar júst smoarhyt(klik hjir).