Wepperkes (moandei)

Programma SDS dizze wike
19 april 2004
SDS wint krekt fan Ouwe Syl
19 april 2004

Wepperkes
Yn ‘e rin fan ‘e dei kinne jimme hjir wer genôch wepperkes fine. Fannejûn kinne jimme hjir ek it ferslach fan SDS 1-Ouwe Syl lêze mei de foto’s. Hawwe jimme noch wat foar dizze side; mail dan efkes nei: info@vv-sds.nl.

Klaas Malda oan de betterende hân
Nei in slim ûngefal ôfrûne woansdei is Klaas Malda fan SDS 4 nei it AZG brocht yn Grins. Klaas wie op syn wurk ûnder in shovel kommen en hie hjirtroch syn bekken stikken. Ôfrûne freed hat hy in grutte operaasje ûndergien. Klaas makket it no lokkich genôch goed en is oan de betterende hân. Klaas hat dizze wike noch gjin nocht oan besite oars as syn famylje. Om him te steunen yn syn revalidaasje moatte wy fansels al efkes wat fan ús heare litte. Jimme kinne jimme kaarten stjoere nei:

Academisch Ziekenhuis Groningen
Klaas Malda
afd.A3 kamer 311
Postbus 30.001
9700 RB Groningen

 Wy hoopje Klaas gau wer sa te sjen.

Ferslach SDS D1
SDS D1 wûn dit wykein fan NOK. Klaas Pompstra is wer yn ‘e pen klommen om hjir in ferslach fan te meitsjen. Jimme kinne it lêze ûnder; junioren, SDS D1, wedstrijdverslagen.

Pieter is werom fan fakânsy
SDS 4 wie ôfrûne wykein frij. Foar inkelde spilers is dit in goeie reden om dan ek lyk mar op fakânsy te gean. Sa is Pieter Groenveld mei syn freondinne in wike nei Egypte op fakânsy west en hat hy fansels genoten fan it moaie waar en de pyramides(ek dy yn ‘e bikinis). Wy hoopje dat hy kommende sneon al wer fuotbalje kin, want genietsjend fan in blikje waarm Egyptysk bier gebeurde him dit.

Útslaggen 17 april
Wy misse noch wat útslaggen fan ôfrûne sneon. Dizze krigen wy fanmoarn noch binnen. SDS F2 hat mei 3-2 wûn fan JV Cammingha út Ljouwert. De 3(!) goals fan SDS waarden makke troch Jacco Kooistra.

Prizen SDS League
At it goed is is der forige wike by alle dielnimmers fan de SDS League wer 12 euro fan de rekken ôfskreaun. De wykprizen binne ek lyk oermakke.

Tiisdeitejûn fuotbaljen yn Easterein
SDS 2 is sneon dan wol kampioen wurden, mar sy moatte tiisdeitejûn gewoan wer oan ‘e bak. Om 19.00 oere spylje sy yn Easterein tsjin Oeverzwaluwen. De wedstriid yn Koudum waard oan it begjin fan it seizoen noch ferlern.