Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
16 december 2006
SDS-sjaal
17 december 2006

Midwintertoernooi 2007
Op 3 jannewaris 2007 spylje der twa teams fan SDS yn de Trije om harren te pleatsen foar de finaledei. De organisaasje hat er in prachtich skema fan makke foar de SDS supporters. Der is tusken troch sa no en dan efkes tiid foar in bakje.

Spoarboekje woansdei 3 jannewaris yn de Trije
poule fjild tiid wedstriden
3 1 19.30 Marrum SDS-fut
3 1 20.00 SDS-fut Dokkum
21 2 20.15 AVC SDS-fjild
3 1 20.30 Balk fut SDS fut
21 2 21.00 Aengwirden SDS-fjild
3 1 21.15 SDS fut BeQuickDokkum
21 3 21.45 SDS-fjild Black Boys
3 1 22.15 Donkerbroek SDS fut
21 3 22.30 SDS-fjild VIOD

Sealtraine
De folgende jeugdteams meie fan ‘e wike yn de seal traine:

DAG TEAM DATUM TIJD TRAINERS
MAANDAG D2 18-dec 17,00UUR SAMME OVERAL
DONDERDAG D1 21-dec 17,00UUR TSJIPKE/FREDDY
VRIJDAG C1 22-dec 17,00UUR GERT JAN/ANDRE

Kwiskandidaten
Kommende tongersdei is de lêste foarronde fan de kenniskwis. Trije kandidaten allegear mei harren eigen spesjaliteit yn de earste ronde. Ype giet foar de spitsen, Sjoerd foar sc Heerenveen en Daan kin net om Ajax hinne.

Toernooi C en B2
Kommende sneon is der in sealtoernooi foar C1 en B2 fan SDS. It toernooi is yn de Geridhoeke en it begjint om 9.00 oere. It duorret oant 13.00 ta. .

Toernooi D, E en F
Op freed 29 desimber is der foar D, E en F pupillen in sealtoernooi. Dit is fan moarns 9.00 oere oant 17.00 oere. Der wurde noch wol wat frijwilligers frege, lykas skiedsrjochters en sealwachten. Opjaan (foar in blok fan 2 oere) kin bij Syb Overal dy’t op
dit adres te berikken is.

Spilerskaarten(7)
Dizze kear in bekinde binnen SDS. Wij witte syn kwaliteiten en syn gebreken op dit momint, mar hoe’t siet dat yn 1979/1980. Wa mailt ús op
dit adres?

KNVB toernooi
Op woansdei 27 desimber is der in KNVB toernooi yn de Greidhoeke. It duorret fan 8.30 oant 12.45 oere. Ek hjir binne wat sealwachten nedich. Opjaan kin bij Syb Overal.

Trainingsstop
Der is beslúten dat SDS 2 en SDS 3 dit jier net mear traine. Sij kinne harren no moai talizzze op de snertrin(bron Remco Bervoets). Op 16 jannewaris 2007 begjint it trainen wer.

Harsens derby(42)!
De nije stân fan de SDS League wurdt wer opmakke. Wy ferwachtsje net in soad punten foar Klussen is mijn leven van Ates Feikes de Boer(klik hjir).