Wepperkes snein 13-1
13 januari 2008Wepperkes tiisdei 15-1
14 januari 2008Traine
SDS 3 sil fannejûn om 20.15 foar it earst wer los yn it nije jier. Alle spilers wurde op trainen ferwachte.
Goed nijs
Op de webside fan Sissy stiet goed nijs oer A-junior Thomas van der Meer dy’t yn Grins yn it sikenhûs leit.
Drs. Vijfje
Drs. Vijfje wûn ôfrûne sneon de Midwintercup troch de finale nei penaltys te winnen fan Avanti. De ienige Frys fan Drs. Vijfje hie sneontejûn noch in praatsje mei Heilco Broersma fan Omrop Fryslân(klik hjir).
Kampioen
Yn feite is it gjin nijs, mar mear in meidieling: Stoffel Bouma (SDS 5) is foar de safolste kear mei Hartwert kampioen wurden yn it damjen Frysk spul. Yn Kafé Bergsma mochten sij de blommen yn ûntfangst nimme. Ek Fedde Wiersma makket diel út fan dit suksesfolle 8-tal.
10 centimeter langer
Ferline wike lieten wij sjen wêrom SDS gjin toptrainers hat, alteast neffens de stelling fan Wetzel. In bril, in snor en lytser as 190 sentimeter wie funest. Wij hawwe bij ús beoardieling lykwols in grutte flater makke. Kees Jansen lit ús witte dan hij net 1.76 is mar 1.86. It spyt ús tige Kees, foar it feit dat wij dij foar in lyts mantsje oanseagen, mar ek 1.86 is oan de krappe kant.
AD kwis
Tidens de krystdagen hie it AD in nijsgjirrige, mar drege nijskwis oer 2007. Der moasten 120 fragen beandere wurde. Sneon stie de útslach yn de krante. 8000 dielnimmers en mar 86 goeie ynstjoeringen. In net mei namme te neamen webmaster hie ek meidien mar hie 1 fraach ferkeard: in fuotbalfraach!!!
Dêrom foar de leafhawwers de folgende fraach:
Welke keeper makke yn in kompetysjewedstryd yn 2007 in doelpunt.
a. Pieckenhagen
b. Castro
c. net ien fan beide
mail it goeie of ferkearde antwurd nei: sds-nijs@home.nl
Sealtoernooi foar A- en B-junioaren.
We binne de jûn begûn troch earst mei syn allen efkes stil te stean by de tastân fan Thomas vd Meer. Dernei oare meidielings lykas de start fan de trainings foar de A-junioaren op moandei 14 jannewaris en fan de B-junioaren op moandei 21 jannewaris.
Klaas de Haan hie in moai skema makke foar 5 ploegen mei totaal 33 spilers. Guon spilers hienen ôf sein troch sykte as oare aktiviteiten, mar ek troch net op kommen dagen wienen der noch (mar) 22 spilers oer. We ha wol mei 5 ploegen fuotballe en sa no en dan moast der efkes lient wurde fan oare teams. De yndieling hie, sjoen guon útslaggen, miskien efkes op’e nij diend wurde moatten, mar de jonges hienen der net minder wille om.
Gerrit Lanting betsjinne op profesjonele wize de knoppen fan it skoareboerd wylst Marco Hoekstra en Klaas Pompstra om beurten skiedsrjochter mochten wêze. Der foel net safolle te fluitsjen, want it gie der sportyf oan ta. Yn de rin fan de jûn kamen der ek noch in oantal âlders te sjen. De priisútrikking yn de kantine waard dien troch Marco Hoekstra en de winners koenen harren priis fuort omsette.
De útslach: Earste (12 punten). Freek Tichelman, Eeltje Postma, Arjen Los, Wytse Lanting, Gerrit Jan Veenendaal. De lêste koe wer fuotbalje nei in ferfelende blessuer oan de ljisk.
Twadde (7, 16-11): Jelte Pieter Dijkstra, Bauke Jan Plantinga, Jacob van Wieren, Arjan Hallema, Elger Turksma. Hja wienen twadde op better doelsaldo.
Tredde (7, 14-11): Ids de Boer, Feike Broersma, Andries Brinksma, Ronald Talsma, Christiaan Plantinga (ek werom nei in blessuer oan de kût),.
Fjirde (3): Peter Stuiver, Thor Ejnar Ruiter, Wiebe Jan Valkema. Hjir misten 4 spilers.
Fiifde (0): Menno Eringa, Jarco Pompstra, Albert Tiemersma, Broer Jacob Greidanus. Dit team bestie allinnich út B-spilers, om’t de 3 A-spilers der net wienen.
SDS organisearret dizze aktiviteiten foar harren fuotballers en der binne we as lieders en spilers wiis mei. It soe derom wol moai wêze as eltsenien, útsein troch sykte as sa, ek meidie oan dizze aktiviteiten, as yn elts gefal efkes berjocht docht fat haj net meidwaan kinne.
Beste goal
Dizze goal mei der wêze: