Wepperkes -snein-
17 februari 2007Wepperkes -tiisdei-
19 februari 2007Circuittraining
Moandeitejûn(=fannejûn) is der in circuittraining fan de leiders en trainers fan de E./F. Pup. Dit is ûnder leiding fan Marcel en Robert. Wa ek belangstelling hat en sin om tsjin in bal oan te skoppen is tige wolkom, it begjint om 19.00 oere.
Gr. TC Robert H.
Hjalmar Ruiter net mear down under.
Hij gie in jier lyn fuort nei Australie, dizze spiler fan SDS safolle. Sneon wie der werom op it sportpark en hij hat er sin oan. Hij hie al sjoen dat syn namme bij SDS 6 stie.
SDS 3 wint, mar ………
SDS 3 pakte sneon 3 punten. Der wie in hattrick foar Ruurd (3 pingels), in seare knibbel foar Gerrit,……mar wa ’t dy oare 2 goals makke hat??((klik hjir).
SDS 5 goed út winterstop
In jûntsje basketbaljen en in jûntsje rocke hat wûnderen dien bij de spilers fan SDS 5. In romme oerwinning wie it gefolch. Hoe’t dit no krekt koe, kinne jim hjir lêze.
Poeisz-dukaten
Noch altiten kinne jim dukaten krije by de Poeisz. Net allinne by de Poeisz yn Skearnegoutum, mar ek yn Boalsert en alle oare festigingen. Der komme dan ek al aardich wat dukaten binnen by SDS, mar dêr kinne fansels noch folle mear by. Je kinne de dukaten sparje foar in bepaalde klup. Yn dit gefal dus SDS. Ynleverje kin yn Skearnegoutum mar ek yn de kantine bij SDS. Wês der fûl op, want it docht de klup goed(klik hjir).
Chris Resing sjocht fuotbal en liedt de klok
Doe’t Chris Resing sneontemoarn fanút Brabân ôfreizge nei Easterein om SDS fuotbalkjen te sjen en foaral om it ecvhte amateurfuotbal te belibjen hie hij nea tinke kind dat hij om 3 menuten foar 6 oere de klok yn Easterein liede soe.
Bij it neipetearen yn de bestjoerkeamer noege André Vink him út om te helpen de klok te lieden. Chris liet him dat net twa kear sizze en sa tôgen ek wij de treppen op om de klok te lieden. Fansels moast hij de kreake ek noch efkes sjen. In fotoreportaazje.
Douwe Dirk 12 1/2 jier oan de fluit
Okkerlêsten is Douwe Dirk Reitsma huldige foar it feit dat hij 12 1/2 jier fluite hat bij de KNVB. Hij krige hjirfoar it sulveren fluitsje. Douwe hâldt sels ek alles bij en wij fregen dan ek hoefolle wedstriden dat no krekt wiene, hoefolle giele en reade kaarten en hoefolle gehaktballen dat oplevere hat.
Hawwe jim in idee, dan kinne jim in gokje dwaan. Mail ús de antwurden.
Tikkie-terug-Jaap klassemint
Moai dat wij ek yn Meppel in korrespondint sitten hawwe, dy’t ús it berjocht die dat in SDS-er sneon yn eigen doel skeat. Wa’t dat wie kinne jim yn dit oersicht sjen.