Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
29 juli 2006
Allegear gokjes
1 augustus 2006

Jirnsum
Dirk de Jong sil probearje dit seizoen wer ris wat te fuotbaljen. Hooplik bliuwt hy blessurefrij. Trochdat hy wer fuotbaljen giet stoppet hy as fersoarger by SDS 1. Hy wurdt no fersoarger by sneinsklup vv Irnsum.
Dirk de Jong

Fuotbalje
Moarntejûn(=tiisdei) wurdt der wer fuotballe op de Terp yn Wommels. Wa ’t komme wol dy komt mar. It begjint om 19.00.

Remco van Dijk
Earder melden wy hjir op de webside dat Remco van Dijk stoppe is mei fuotbaljen. Dit kloppet net hielendal. Hy hat him net ôfmelden as lid. Wat hy kommend seizoen fan doel is is allinne net dúdlik. Hy is dan ek opnommen yn de “reserve-seleksje”.

In gokje weagje

Der dogge dit jier 5 SDS-ers mei oan de PC. Sy sitte yn 4 ferskillende partoeren.
Wij neame se noch efkes:
Partoer Dirk Yde Sjaarda/Erik Haitsma
Partoer Jacob Klaas Haitsma
Partoer Marten Faber
Partoer Feite de Haan
Wij binne benijd at jim in idee hawwe hoefolle earsten dizze fjouwer partoeren totaal helje.

Jim kinne oan de hân fan de list efkes in foarbeskôging dwaan en dêrnei in ynskatting meitsje fan it totaal oantal earsten wat se helje. Bij in oerwinning moatte jim gewoan 6 earsten telle.

Om foar te kommen dat in oantal minsken in gelyk oantal riede, wolle wij graach dat jim ek oanjouwe welk partoer de grutste bijdrage dêr yn levert.

Fansels stelle wij wer in tapaslik priiske beskikber.

Jim kinne hjir klikke foar it resultaat fan de lotting, sadat jim in goeie kar meitsje kinne. 

Maile kin oant woansdeitemoarn 8 oere ta
Mailadressen binne info@vv-sds.nl en sds-nijs@planet.nl

Reagear gelyk en lit sjen hoe optimistysk of pessimistysk jim binne.

Kaarten PC
Der binne noch kaarten te krijen foar de PC. Hessel Hofstra hat noch 2 lizzen:
Webmasters,
Ik heb nog 2 mooie kaarten in de bolwerktribune te koop.
Misschien dat liefhebbers zijn onder de fans van de 5 SDS-ers.
Hessel Hofstra
06-53674090

Tarieding op de PC
Je freegje je fansels ôf hokker tarieding de PC keatsers dogge en dan meinamme wat se dogge nei de lotting. Wij ûntdekten dat Folkert van der Wey efkes oan it fuotbaljen tocht en hij melde him oan bij LC -koach foar de nije kompetysje. Krekt as ús dus.

Letter mear!