Wepperkes -snein-

Einstân doelpuntenklassemint 2005-2006
28 juli 2006
Wepperkes -moandei-
31 juli 2006

Hoera….in dochter
Anne Nynke is de namme fan de dochter fan Jan-Rinse Blanksma en Silvia Hania, dy’t op 25 july 2006 berne is.  Silvia is nij redaksjelid en Jan Rinse wie belutsen bij SDSA2 as grinsrjochter.
Op harren kaartsje stiet in moai gedichtje fan Baukje Wytsma.
Fansels lokwinskje wij harren fan herte ek út namme fan jim.

Yn de LC
Yn de sneonskrante fan de LC stiet in hakketakkerich ferhaal oer Erik en Jacob Klaas Haitsma. Nijsgjirrich seker wat it fuotbal oangiet. Want Erik sjocht foar Jacob Klaas no net gelyk plak yn de ferdigening fan SDS. Foar him sels wol. Dat kin noch leuk wurde.

Noch ien kear Zidane
Der binne al safolle animaasjes makke fan de kopstjit fan Zidane. Yn
dit filmke binne se allegear oanelkoar plakt.

Ljeppe
Noch gjin fuotbal, efkes gjin keatsen en dêrom mar nei it fierljeppen yn it Heidenskip. Oerdei koe elkenien meidwaan om sich te pleatsen foar de finales jûns. It wie spitich dat Folkert Rients Vellinga en Trienus de Jong (SDS5) der net wiene, want sij maklik meidwaan kind yn de foarronde sjoen harren oantoande kwaliteiten op ljepbaan efter Lollum.
Gelokkich hiene wij al in favoryt. Evert Ane Abma út Wommels hie him pleatst foar de finales. Mar helaas koe hij dêr net goed presteare.
De fierste ôfstân fan de dei wie fan Hannes Scherjon mei 19.02

Evert Ane yn de pols