Wepperkes -moandei-

WK nei 60 wedstriden
2 juli 2006
WK nei 61 wedstriden
4 juli 2006

Beker
SDS 1 hat dreech lotten foar de beker. Dit is harren poule:

1 SDS
2 FVC
3 Zeerobben
4 ONS Sneek

Wedstrydskema beker
Dit binne de data’s fan de bekerwedstriden:
wd 1, zaterdag 19/8: SDS – ONS Sneek, 14.30 uur
wd 2, dinsdag 22/8: Zeerobben – SDS, 18.45 uur
wd 3, zaterdag 26/8: SDS – FVC, 18.30 uur

SDS WK-League
Moarn komt nei de wedstryd tusken Italië en Dútslân de nije stân fan de SDS WK-League sa gau mooglik op de webside.

Wa komt yn de finale?
4 dielnimmers oan de SDS WK-League tinke dat Dútslân moarn de finale hellet. 7 dielnimmers kieze foar Italië.

Giele kaarten
Der binne oan ’t no ta al 331 giele kaarten jûn op it WK. Namkje Koudenburg gokte, as heechste yn de SDS WK-League, op in totaal fan 304. Sy komt dus noch it tichste by. Jammer genôch net ticht genôch om dê punten foar te krijen.

Sorry!
SC Cambuur kaam foarich seizoen wol gauris yn it nijs. Jammer genôch net sa faak mei leuk nijs. Útsein dit dan(klik hjir).

WK(Wommelser Kampioenskip)
Tiisdeitejûn wurdt der yn Wommels wer fuotballe. Om 19.00 is eltsenien wer wolkom om mei te dwaan. Wy probearje earst op it fuotbalfjild fuotbalje te kinnen. Mocht dit te krap foar de keatsers wêze dan wike wy út nei de Terp.

WK-antwurd
Freed fregen wy jim ít folgende:
Welke Nederlânder stiet it heechst yn de list fan WK-topskoorders en hoefolle goals hat hy makke?
Sawol Wichard Deinum as Sicco Scheltema kamen fansels mei Johnny Rep. Beide hienen sy dit dus goed. Wichard wist ek dat hy 7 goals makke hat op WK’s(1974 rn 1978). Sicco gokte iets te heech mei 12.

Knap!
PSV hat noch net folle oankeapen dien foar kommend seizoen. Sy hienen earder al belangstelling foar Nikon Jevtic, mar dy is lêsten fan Valencia nei Schalke ’04 gien. Nikon Jevtic is in jong talint wêr ’t PSV noch lang plezier fan hawwe kint hie. Sjoch hjir mar.

Goed nijs
Goed nijs kaam der hjoed út it trainingskamp fan SC Heerenveen(klik hjir).