Wepperkes -moandei-

Frijwilligersjûn
9 april 2006
The Battle of the ……Cheerleaders!!
10 april 2006

Net útteld?

Sa’t wij juster al oanjoegen wie Klaas Pompstra nau belutsen bij trije gelikense spullen: C1, SDS 2 en SDS1. Hij wie noch net sa útteld dat hij gjin ferslach skriuwe koe fan C1. Jim kinne it
hjir lêze.

E2 op wei nei….
Mei E2 giet it prima. Fan Johan de Graaf krigen wij in ferslachje, wat jim 
hjir lêze kinne.

Noch ien kear knyntsjedei….
Klik op de foto om originele grootte te bekijken
Al mear as in wike lyn wie de striid tsjin BCV fan SDS 1. Meinte Wesselius hie noch in oantal moaie foto’s makke, dy’t wij jim graach efkes sjen litte wolle. Sjoch hjir foar de hiele reportaazje.

Beker
Noch ien ploech fan SDS sit yn de beker. De 35 plussers moatte tiisdeitejûn om 18.45 oere oantrede tsjin Anjum. It is in thúswedstryd dus allegear komme fansels.

Cheerleaders
Jûn kinne jim hjir de foto’s ferwachtsje fan de cheerleaders fan SDS 1. Hjir alfêst in foarproefke:

Wa binne dat??

WDSAt@……
De miening fan Wichard oer it stikje fan Jan oer de wedstryd fan SDS 3 fan foarige wike kinne jim lêze op
www.WD-sat@negatievepubliciteitisookpubliciteit.nl.

Stikje SDS 3
Albert-Jan sil dizze wike it ferslach skriuwe oer de wedstryd fan SDS 3 út by Meppel. Wy sjogge der no al nei út. It sil wierskynlik mei namme gean oer de swimpartij fan Hampie. Moarn kinne jim yn elts gefal it fotoferslach hjirfan by ús sjen.

Super
Durk Okkema moat moarn mei syn A2 fuotbalje yn Burgum tsjin BCV/Bergum A2. Jan Rinse Blanksma kin moarn net flagje dat Durk moast op syk nei in oar. Hy hat Gearard van Asselt bereid fûn om moarn yn Burgum de flagge beet te hâlden. As hy der no mar net oan begjint te knagen……

Sil Gearard moarn ek sa te sjen wêze?

Letter mear!