Wepperkes -snein-
11 maart 2006SDS League: FC Snoek(UD) pakt wykpriis!
14 maart 2006In stikje fol emoasjes
By SDS A1 rint it net hielendal sa ’t it moat. Sneon gienen sy op ‘e nij ûnderút. Trainer Marco Hoekstra koe gjin ynsiraasje út de wedstryd tsjin SC Heerenveen A2 helje om in stikje te skriuwen. Dêrom hjirby in stikje fan Bauke Dijkstra(klik hjir).
Super!
Wêr ’t de webside soms al net goed foar is. Jan Rinse Blanksma moat woansdei om 8.30 yn Haarlem wêze. Hy wol earst Jan Simon, Robert, Marco en Durk wol nei Schiphol bringe. Hy hat net in hele grutte auto; “met zijn vijfen in een polo moet voor een uurtje wel lukken”. Super!
Knap
SDS E2 wûn sneon as ien fan de weinige SDS-teams sneon al. Sy pakten Franeker E4 yn Frentsjer mei 9-0 yn. Hjir de doelpuntenmakkers:
5 x Joost Verheus
3 x Gosse Vellenga
1 x Marco de Graaf
(mei tank oan Johan de Graaf)
Futsal: Wurdt SDS 2 noch kampioen?
In Kraaker
De sealfuotballers fan SDS 2 spylje moarntejûn yn Warkum de derby tsjin Workum 2. Foar SDS 2 in wichtige wedstryd yn de striid om it kampioenskip. De KNVB nimt de wedstryd ek serieus en set dan ek net samar in skiedsrjochter op dizze wedstryd. Dhr. Kraak út Âldegea mei alles yn goeie banen leide.
Steun
Fuotbalsupporters kinne tige hurd wêze. Dochs hawwe sy soms ek mar in lyts hartsje. Juster krige Alfred Schreuder fan RKC fan de Feyenoordsupporters allegear knuffels foar syn slim siike dochter Anouk. Yn desimber 2004 gie it ek al net sa goed mei syn dochter. Doe krige hy knuffels fan Ajax-supporters. Klik hjir om dat te besjen. Pak de bûsdoek der mar fêst by.
Doelpuntenmakkers (1)
SDS 3 en SDS 4 fuotballen dit wykein wol. Twa doelpunten kinne wij dus bijskriuwe op de list.
Doelpuntenmakkers (2)
Klaas Pompstra hâldt foar ús per alvetal bij hoefolle doelpunten der makke wurde. Hij makket dêr altiten in kreas oersjoch fan. Jim kinne it hjir sjen.
Doelpuntenmakkers(4?!)
Ien ding falt neffens Klaas Pompstra op yn syn list fan doelpuntenmakkers fan SDS 4;
Opfallend is dat de lêste stân fan SDS 4 yn it neijier oars is as dy fan it foarjier. Hja ha in doelpunt minder krige!? Frjemd.
Wa wit hoe dit sit? Mail nei info@vv-sds.nl!
De nije stân fan de SDS League stiet alwer klear. Moarn kinne jim him hjir yn de rin fan de dei besjen.