Wepperkes -freedtenacht-

Opstellingen SDS 1 en 2.
23 april 2004
Utslaggen 24 april
24 april 2004

Klaas Malda
Klaas Malda leit by te kommen yn it AZG fan in swiere operaasje fan alwer in wike lyn. Jimme koenen dit earder fan ‘e wike hjir al lêze yn de Wepperkes. Klaas fielt him noch net echt noflik. Om him te steunen kinne jimme him fansels altiten in kaartsje stjoere.

Academisch Ziekenhuis Groningen
Klaas Malda
afd.A3 kamer 311
Postbus 30.001
9700 RB Groningen

SDS A1
SDS A1 hat moarn wer in wichtige pot. Sy spylje moarn om 12.30 oere tsjin Hardegarijp A1. Foar it earst yn tiden is SDS A1 net de underdog. Hardegarijp is al degradeare. SDS A1 sil winne moatte om net dit selde lot de ûndergean. Kom moarn allegear om A1 te stypjen.

Út de brân, yn ‘e brân.
No at SDS 2 kampioen wurden is tinnet de seleksje al wer gau út. SDS 2 hie foar moarn mar 12 man, wêr at sy 1 moanne werom noch wol 17 op papier hienen. Lokkich genôch woe Harm Auke Dijkstra SDS 2 foar de safolste kear dit seizoen SDS 2 wol út de brân helpe. Hy hie allinne leaver mei SDS 3 meidien dy ’t de topper tsjin Frentsjer spylje.

SDS 5 nijs

It falt foar lieder Ids net ta om mei eigen minsken de einstreep te heljen. Der is in protte blessureleed: Ids de B.  (kût), Klaas O (knibbel), Willem T (hamstring), Stoffel B.(inkel). Ek Ype B, Sipke H en Roel S binne net okselfris.

Dêrneist is der fansels ôflevering safolle yn it drame Ype T.

Sneon soe hy mei nei Blija want de wedstriid soe om 16.30 oere fuotballe wurde. Melkerstiid komt er dochs nimmen yn de Welkoop, sadat Ype wol in oerke earder fuort mocht.

No is de wedstriid ferskood nei 12.30 oere en ja jim begripe it al: Ype kin dan net meidwaan.

Der wurdt al sein dat syn spits maat Knabbel hjir de hân yn hat, want dy kin no wol mei dwaan.

Ek Folkert Rients Vellinga hie gelok troch dizze omsetting want hy soe de jûns Sebeare bystean yn it foarprogramma fan Blof yn Hearrenfean. En dêr hoege je om jûns 8 oere ek net mear oan te kommen.

 

SDS 5 spilet kommende woansdei thús tsjin Ryptsjerk. Wy geane der tenminste fanút dat it troch giet mar dat hinget noch efkes ôf fan harren earste team. At dy traine dan sil it mooglik net trochgean, want grutte kâns dat de spilers fan Ryptsjerk 3 dat sjen wolle.

 

SDS 5 hat yn de kommende 6 wedstriden noch 5 punten nedich.

 

Foarstelle

Hy hat al meardere trainingen meimakke op tongersdeitejûn en hat by SDS 4 ek al in flinke bydrage levere yn it fjild. Piet Kemper liet him efkes op de foto sette mei fansels de toer op de eftergrûn.

 

 

Herkenber

Soms binne je wol benijd wa’t op trainen is. Dêrfoar hoege je net hielendal nei it fjild ta te rinnen. At je by de fytsen komme dan kin je yn eachopslach sjen at Gerrit Terpstra der ek is. De fyts yn de Jumbo-bananekleur

Bekerfinales seal
Juster melden wy dat jûn yn Harns de bekerfinales futsal hâlden wurde. Hjirby hienen wy net fermeld dat ek de frouljusfinale spile wurdt. Dit mei it each op it mooglik net trochgean omdat ONS moarn ek wer in drege topper yn ‘e kompetysje hat en miskien de bekerfinale net spylje woe. Hjoed krigen wy in mailtsje dat de frouljusfinale gewoan trochgiet. De finale by de froulju giet tusken ONS en Friesland College. De froulju fan ONS mailden ús in oprop om hun oan te moedigjen. Ik soe sizze jûn allegear nei Harns. Ek de finales by de heren (Exstador – Leekster Eagles 2), de junioaren (Avanti – Real Camaradas) en de reserveteams (ZVF tsjin….) wurde spile. Hjir kinne jimme sjen dat frouljusfuotbal hielendal net sa gek hoecht te wêzen (klik
hjir).

Bussen
Wy hawwe fernommen dat der moarn 2 bussen mei supporters út Dokkum meikomme. Dit koenen wy lêze yn it Gastenboek op de webside van Be Quick Dokkum. It sil dus moarn fêst gesellich wurde.

Droege fjilden
Oansjoen de fjilden wat droech binne, wol de bal noch wolris in nuver stuitsje krije. Foaral foar de keepers kin dit link wêze. Sjoch
hjir mar ris.