Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
1 februari 2006
Wepperkes -sneon-
3 februari 2006

Wol of net fuotbal
It is no al dúdlik hoe’t dit wykein komt mei it fuotbaljen. Op teletekst(nr.603) kinne jim sjen dat it hiele fuotbal der yn it noarden útleit. Ek op de webside fan de KNVB kinne jim dit lêze. 

Wol of net oefenje
At er ek oefenwedstriden of trainingen pland binne foar sneon, witte wij net. Wij heare it graach.

Traine of dochs oefenje
SDS 1 giet moarn trainen(om 11.00 oere??) of miskien dochs oefenjen yn Easterein. As wy mear witte dan kinne jim it hjir lêze.

Wol traine
*De B-seleksje traint moarn om 13.00 oere. De spilers fan it 2e binne wolkom mar fansels ek oaren dy ’t nocht hawwe om efkes te boljen.
*De A-junioaren geane moarn ek trainen. Sy begjinne ek om 13.00 oere.

Wol of net op fakânsje
Je sille mar op fakansje wêze en de 11 stêden tocht wurdt ferriden. It kin net slimmer, neffens sommigen. Gelokkich is dit no ek te fersekerjen. Sjoch
hjir.

Wol of net traind
Tiisdei waard der troch inkelde spilers fan it 2e en 3e net traint. Wy binne der no efter wêr ’t sy úthongen. Sjoch hjir hoe ’t sy it hân hawwe.

Wol of net in ferslach
Hjoed krigen wy dochs noch it útgebreide ferslach binnen fan de futsallers fan SDS 2 dy ’t woansdei fan ZVVS wûnen. Klik hjir om it ferslach fan Dirk-Yde te lêzen.

Wol of net studere
Yn it ferslach fan SDS 2 stiet dat Jan Stenekes y.f.m. syn studie earst ophâld mei it keepen yn de seal.

Wol of net werom
Weromspylje nei de keeper moat gjin probleem wêze. Ferskeidene SDS ‘ers wienen juster by SC Heerenveen-Ajax getúge hoe ’t it net moat(sjoch hjir).

Theo of Johan

Dizze jongeman is net Theo Jelsma (Folkert Rients Vellinga en Anne Stenekes tochten dat) mar de eardere sa stoere ferdigener fan Cambuur: Johan Derksen no in wiisprater oer fuotbalsaken.

Avanti
Fan ‘e wike fregen wy wêr ’t de letters Avanti foar steane by de sealfuotbalklup út Stiens. Op de webside fan Avanti kinne jim lêze dat it snel, vooruit betekent yn it Itiliaansk. Dit antwurd krigen wy fan Johan de Graaf, Remco Hiemstra(De Wâlde) en Dirk-Martijn Tol(SC Kootstertille). Yn it programma boekje fan Drs. Vijfje stie forige wike dat Avanti stiet foar Altijd Vol Avontuur en Nimmer Te Weinig Inzet. It hie dus eins Avantwi wêze moaten. De webmaster fan Drs. Vijfje lit ús witte dat hy dizze fersje lêzen hat op de webside fan Avanti

Letter mear!