Wepperkes -tongersdei-

De SDS-band!
1 februari 2006
Wepperkes -freed-
2 februari 2006

Futsal: SDS 1 ûnderút
Nei de knappe winst fan forige wike waard justerjûn mei 9-7 ferlern yn Heerenveen fan FFS. SDS spile mei Feite op de goal om ’t Jan-Simon op wintersport is. SDS kaam knap mei 4-2 tsjin Jeffrey Talan c.s. 3 minuten foar it skoft gie it mis. De rêststân wie úteinlik 5-4 foar FFS dat yn de twadde helte sels útrûn nei 8-4. SDS kaam noch oan ’t 8-7, mar doe ’t it 2 minuten foar tiid 9-7 waard wie it gebeurd. De doelpunten fan SDS waarden makke troch Tsjipke(4x), Harm, Robert en Anne. Peter die net mei. Hy hat noch tefolle lêst

Futsal: SDS 2 wint
SDS 2 hat juster mei 4-1 wûn fan ZVVS. Doelpuntemakkers wienen Skelte(2x), Floris en Dirk Yde.

Futsal:SDS 3? 
Wy binne benijd nei de útslach fan SDS 3. Mail it nei
info@vv-sds.nl!

Fred yn Liverpool
Fred sit dizze dagen yn Liverpool. It is ús net bekend as it him slagge is noch kaarten te krijen foar de wedstryd fan juster tusken Liverpool en Birmingham City. Mocht hy der west wêze dan hat hy net folle spektakulairs sjoen. Liverpool makke al 2 goals. Ien yn de eigen goal en ien yn dy fan Birmingham City. 1-1 dus en dat mei mear as in oere mei 1 man mear fuotballe te hawwen. Wy binne benijd nei Fred syn ferslach.

Blesseard??
Marten Faber koe justerjûn net keepe om ’t hy neffens de ferhalen blesseard wie….. Wy hawwe út betroubare bron fernaam dat dit net hielendal klopte. Der is tiisdeitejûn drok oefene op penaltys. Klik hjir om te sjen wêrom Marten net keepe koe by SDS 2 yn ‘e seal.