Wepperkes -freed-

Battle of …(foto’s en …)
20 januari 2006
Wepperkes -sneon-
21 januari 2006

Oefenje(1)
SDS 1 sil tiisdei (as it fjild it dan al talit) yn Littens tsjin Easterlittens 1 oefenje.

Oefenje(2)
SDS 2 oefent sneon út tsjin Skearnegoutum 2. Is it fjild dêr al te min dan wurdt der traind.

Oefenje(3)
SDS 3 sil tiisdei efter de sporthal oefenje tsjin SDS 4. Beide teams meie folgende wike sneon alwer foar it echt los. SDS 3 moat dan foar de kompetysje út tsjin Blauw-Wit ’34. SDS 4 moat dan (as 35+) thús bekerje tsjin Anjum.

Nije trekker
De Skoalleseize hat in “nije” trekker. Feike Jorritsma gie alfêst efkes op paad mei dizze trekker om te sjen as der wat ride wol. Dit moat lyk alwer jild kostje(klik hjir).

De “Gouden” Ingel
De A-seleksje sil it wykein Grins ûnfeilich meitsje. Wollle se je it wykein echt net tsjin komme gean dan yn Grins net te karten of te paintballen. Ek kinne je better net nei de Blauwe Engel. By de A-seleksje is dit al bombardeare as “Gouden Ingel” om dochs noch in bytsje in fertroud gefoel te hawwen.

$amara$
Dizze wike die al bliken op de side fan sc Heerenveen dat $amara$ der net populairder op wurden is. Foar VI wie it barren dizze wike oanlieding om lêzers op te roppen in fotosoep te meitsjen. It resultaat kinne jim hjir sjen.

Nije wike freed
Foar Willem, Lolke en Fred brekt in spannende wike oan. Sij sille harren tariede op de fuotbal/muzyk kwis ûnder lieding fan Daan van Gaal en Vader Aantbraham. Nije wike freed yn Jimbar

Letter mear!