Wepperkes -freed-

Seleksjes -sneon-
2 december 2005
útslaggen 3-12
2 december 2005

Kenniskwis
Yn de deadlike pûl kaam it juster ta in treffen tusken Durk Okkema en Willem en Jappie Wijnia. Wa fan dizze trije hearen soe de grutte finale helje op 7 jannewaris 2006.
Nei 3 rondes moast er earst ien ûffalle: dat wie Durk Okkema. Hij kaam te let op gong om Willem en Jappie echt te bedrigen.
Efter it “Theo de Jong drukapparaat ” kaam it ta in ûngelooflik spannend treffen. Nei 10 fragen steld te hawwen wie de stân 4-4. De lêste fraach: Eindhoven, RKC, Feyenoord, Arminia Bielefeld……..Willem drukt it earst : Rob Maas.
Antwurd is goed, want dat wiene de earste klups wêr’t Rob Maas spilet hat.

Nei 3 rondes hie Durk 9, Jappie 13 en Willem 17. Yn de finale begongen Willem en Jappie wer mei 0 punten en waard Willem mei 5-4 de winner


Willem (7) en Jappie harkje nei de fraach dy’t Fred stelt en sitte klear om te drukken

Missers
Nei ôfrin kinne de kandidaten der mar net oer út at se in bepaald antwurd net wisten:
Sa as Willem:  Op de fraach “Wa is de trainer fan Mulier 1,” moast hij it anwurd skuldich bliuwe.
Jappie sil noch lang nei tinke oer de fraach oer syn favorite klup PSV: Bij welke klup kaam Nikiforov wei, foardat hij bij PSV kaam? Bij in stân fan 4-3 yn de finale hie hij bij in goed antwurd de winner west
En Durk: hij wist efkes net hoe’t stadion fan New Castle United hjitte wylst er dat fansels wol wit.

Sokke moaie boksen
Sûnt dizze wike binne de klaaiboksen klear. Hulde oan de minsken dy’t hjir foar soarge hawwe. It sjocht er allegear sa kreas út dat de redaksje besleat de gearkomst yn de boks te hâlden.

Sjoerd, Durk en Willem yn de papieren wylst Aant efter it fototastel sit, Metsje de nije kapsalon ynrjochtet en Gerard skuon oan de man besiket te bringen.

Ek it bestjoer is bij sokke byienkomsten fertsjintwurdige en André Vink mocht dan ek efter de ienige tafel plak nimme.

Je witte it net
Soe SDS moarn punten pakke kinne tsjin Staphorst. Je witte it net. Klik hjir foar in foarbeskouwing.

George Best(1946-2005)
“In de rust heb ik tegen bondscoach Zwartkruis gezegd: Alsjeblieft, haal me er uit” 
Willy van der Kerkhof herinnert zich de interland, waarin George Best hem in de eerste helft alle hoeken van het veld liet zien (Algemeen Dagblad) 

“He was able to use either foot – sometimes he seemed to have six”.
Sir Matt Busby oer George Best.

Treurich
Wat in treurige wike. Earst George Best stoarn, doe Hotse Schuil, David di Tomasso en Jan Giro(“de Herman brood fan Liwwarden”) en no bliket ek noch dat Theo Ydema der net mear is. Theo Ydema(heit fan âld-SDS trainer Jan Ydema) fuotballe yn de jieren 50 foar Snits en wie 4 jier semi-prof by Ljouwert. Hy spile sels yn it Nederlâns B-alvetal. Theo Ydema trainde ek noch ferskeidene, meast Snitser, ploegen. Theo Ydema is 84 jier wurden.


Letter hjoed mear en hawwe jim noch nijs? Mail it nei
info@vv-sds.nl!