Wepperkes -freed-

Noch 7 dagen foar de SDS-League!
26 augustus 2005
Wepperkes -sneon-
27 augustus 2005

Bekerje
SDS – Zeerobben  0-3

Oefenwedstriden SDS 3
Dat SDS 3 it dit seizoen serieus oanpakken giet is dúdlik. Hjir harren oefenskema:
27/8 Workum 3
3/9 Broekster Boys 3
31/8 of 1/9 waarschijnlijk Arum 1
7/9 A-junioren

Leider SDS F4
Foar F4 is der in leider fûn yn de persoan fan Eddy de Boer. Hy hat lyk syn soan Rients oantrokken as nije spiler. Der binne no noch 2 spilers noadich foar F4.

Gjin leider
SDS A2 hat noch altiten gjin leider. Belangstellenden kinne harren melde by info@vv-sds.nl

Weiland
It Friesch Dagblad hat dizze wike de bijlage fan it amateurfuotbal wer útjûn. Tige nijsgjirrige ferhalen oer meardere klups en dizze kear ek oer SDS.
Frjemd is wol it byskrift bij de foto:
De kersverse eersteklasser SDS traint voor het eerst en dat gebeurt op een stuk weiland dat aan hen ter beschikking is gesteld.

Neffens ús leit dêr in prachtich trainingfjild dat bij de Skoalleseize heart en wêr ferline jier en dit jier in soad tiid yn stutsen is.

De Treffer
It hat efkes duorre, mar hij is út. De kommende dagen sille jim it bewarnummer yn de bus fine. Foar bûtenleden leit dy yn de kantine klear.