Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
17 maart 2005
Seleksjes SDS 2,3,4 en 5 moarn.
18 maart 2005

Dirk-Yde from Scotland
Dirk Yde lit wat fan him heare;
Ha goeie,
Moarn dus de belangrykste westriid fan it jier. De doelpeallen sille wol wer in kleurke krije, of miskien komme se wol wer op dat tige orginele idee om de middenstip ut te skeppen. Natuerlik bin ik tige benijd wat der allegearre gebeurt, dus is der ek ien om my op’e hichte te halden? Dat kin op nummer 06-54385633.
Alfest tank
Dirk-Yde from Scotland


Konkurrinsje
Sneon spilet foar it earst yn de histoarje fan SDS in F5-team thús. Dizze wedstriid begjint om 15.00 oere. Mocht der by SDS F5 neat oan wêze dan kinne je altiten noch efkes op it haadfjild by SDS-Nijlân sjen. 

Sneon de 1e thúswedstriid!

Teletubbie

Op syk nei de echte Telletubbie (sjoch wepperkes tongerdei) hawwe wy de earste reaksjes binnenkrigen.
Dirk de Jong skriuwt: ik wol efkes reagere op die teletubbie, mar folgens mij is dat Gerrit Hingst, dy sit der no al sa lang en hij komt ek altiid op tiid, dus dat sil him wol wêze

Douwe de (ex skeids): Ik tink fan Durk de Jong. Self bin ik ek yn in fêste klant. Mar ik ha net in masker op ‘e kop hân.

Sjoerd: Ha goeie, neffens my is dit Durk de Jong en hy liket fansels op Tinkywinky. Dat is wer ris wat oars as op je broer lykje….of toch net.

Hoe âld?
Snein is de lieder fan SDS 1, Anne Brouwer jierdei. Hy freget mar ien ding op syn jierdei en dat is in oerwinning op Nijlân.

Hoe âld tinke jimme dat eins dat Anne wurdt? Mail it nei
info@vv-sds.nl!

Topfysio
De “hûs-fysio fan SDS, Anne-Harm Nauta hat ek in eigen webside. Dat is
www.topfysio.nl. De pagina is noch net offisjeel yn ‘e loft mar mochten spilers nei him ta moatte nei kommend wykein dan kinne sy dêr wol syn tillefoannûmer fine.

Opstellingen SDS en Nijlân.
Jûn kinne jimme hjir de opstellingen fan SDS 1 en Nijlân 1 fine.

Topskoorders 2e Klasse K
Hendrik de Jong fan SDS is noch altiten de topskoorder yn ‘e 2e-Klasse K tegeare mei Stefan Jeurink fan Hurdegaryp. Soe Wieger Boonstra hun sneon foarby gean?

1 Hendrik de Jong 10 SDS
2 Stefan Jeurink 10 Hardegarijp
3 Lammert van Houten 9 Fean ’58 ’t
4 Wieger Boonstra 9 Nijland
5 Leo Pruis 9 QVC

Foar de leafhawwers!
Jim hawwe dit filmke hjir alris earder sjoen, mar no kinne je him besjen fan de oare kant.

Wat wie syn bynamme ek alwer?

Bekerprogramma SDS 2
It programma foar de folgende ronde foar de beker fan SDS 2 is noch altiten net bekend. Kommende wike moat der noch in wedstriid (út)spile wurde út de foarige ronde. It giet om ACV 2 – Knickerbockers 2. As dizze wedstriid spile is dan witte wy miskien mear.

Bekerprogramma SDS B1
Ek SDS B1 sit noch altiten yn ‘e beker. Ek it programma fan hun foar de folgende ronde is ús noch net bekend.

Net fiskje?!
Photograph
No mar hoopje dat Marten sneon by SDS 2 net hoecht te fiskjen…………
(Mei tank oan www.dophok.tk)