Wepperkes -freed-

Seleksjes sneon SDS 1,2,3,4 en 5!
1 oktober 2004
Utslaggen 2 oktober 2004
2 oktober 2004

Oflast
Ut namme fan SDS 4 wolle wy it kabinet Bak fol Ellende tige tank sizze foar it oankundige belied. Troch harren ideeen wolle moarn  hast alle Makkum 3 spilers nei Amsterdam. Fuotbalje wurdt dan dus neat. SDS 4 is ôflast.  

Doelpunten
SDS F2 hat oan’t no ta de measte doelpunten makke. Sy hawwe der al 27 ynskopt. SDS 4 is de meast skorende ploech yn ‘e senioaren. Sjoch foar de hiele list by “senioren”, “doelpunten“(mei tank oan Klaas Pompstra).

Wedstriidprogramma’s
De wedstriidprogramma’s fan SDS 1 en 2 seal stean no ek op de side. Jimme kinne se fine ûnder “zaalvoetbal”, “SDS 1” en “SDS 2”. As ien it hiele programma fan SDS 3 seal hat, mail it dan efkes nei
info@vv-sds.nl.

Nije foto’s
Foarich wykein binne der wer hiel wat teamfoto’s sjitten. Sjoch mar ris by de “senioren” en de “junioren“. Wy misse allinne noch SDS 3, 5, B2, E1, F1, F2 en F4. Mocht ien kâns sjen in foto fan ien fan dizze teams te meitsjen dit wykein dan graach. Hawwe jimme gjin tastel dan kinne jimme by my it fototastel fan SDS ophelje.

De nije Treffer
Hjoed of moarn leit de nije Treffer by jimme yn de bus en jout jimme antwurd op de folgende fragen:
*Hoe smakken SDS 4 de hakbollen yn Achlum?
*Wat is in AS en wat hâldt dat eins yn?
*Hoe sit it no mei de nije trainingstiden?
*Docht Sibe ek oan zônedekking?
*Hoe sjocht it superteam fan de Skoalleseize der eins út?
*Wa pakt Gert-Jan syn fuotbaltas altiten út?
*Komt Hendrik E. út S. binnenkoart ek wer ris yn ‘e kantine?
………………en noch folle mear fansels.

Samme moarn flagje?
Samme Overal sil moarn SDS 2 ek wol wer flagje. Wy binne benijd as de spilers fan SDS 2 hjir noch wol sa wiis mei binne neidat sy dizze foto sjoen hawwe. Soe Samme by SDS 4 sollisitearje om te flagjen en wol der sa yndruk meitsje op Jelle de Boer? Of is Samme hjir op syk nei Sibe de Seefugel? Wy witte it net. As jimme in idee hawwe mail it dabn efkes nei
info@vv-sds.nl

“Is dat Sibe?”

Einfach zu klopfen?
Dizze advertinsje is fertaald út it Dútsk………