Wepperkes freed

Opstellingen SDS 1 en 2.
26 maart 2004
Utslaggen 27-3
27 maart 2004

Redaksjelid

Sitting hawwe yn de redaksje fan de Treffer en fan de side www.vv-sds.nl  is in prachtige klus. It is tankber wurk, want wy heare noch altiten goeie berjochten oer ús produkten.

Der binne lykwols ek skaadkanten oan dizze taak. Op de lêste gearkomst fan de redaksje waarden de negative gefoelens dield: De redaksje leden wurde skoudere.

At se gewoan efkes by it fuotbal sjen wolle, rinne minsken fuort, of begjinne se te flústerjen.

Sommige fuotbaljende redaksjeleden skine al yn in aparte boks te sitten en yn de kantine bliuwe barkrukken oan beide siden leech.

Tryst, mar wy geane net by de pakken del sitten. De redaksje leden rinne no om mei ultramoderne opnimapparatuur wat op grutte ôfstân lûden opfangt. Dêrneist is der in nij redaksje lid fûn, wat wy foarearst noch net bekind meitsje. Sy sil ús de kommende tiid besykje op de hichte hâlden fan it gean en stean fan ús achte leden.

Gelokkich binne der ek leden dy wolle wol graach yn de Treffer en op ynternet. Sy stoere sels of litte famyljeleden fotos stjoere. Dêr binne wy hiel wiis mei, famylje Sjoukema.

 

Earste aai

In goeie wike lyn diene wy in oprop oan ús leden om te melden wa’t it earste ljipaai fynt. Wy kinne jim sizze dat dat noch altyd net fûn is. Dat kin twa redenen hawwe:

  1. Men traint en fuotbalt leaver en hat gjin tiid om te sykjen
  2. Us leden kinne gjin aaien fine.

Wy wachtsje noch ien dei, oars stjoere wy Stephan van Krimpen it lân yn en wy ferwachtsje dat dizze Rotterdammer, dy’t yn Easterein syn nêst fûn hat, binnen it oere mei in aaike werom komt.

 

Ofsizze

Sa’t freed al op ynternet stie, hawwe de lieders fan SDS weelde problemen. Der binne te folle spilers en dat is net altyd leuk. Wylst oars it foarjier brûkt wurdt om yn de tún te gean, it behang op te hingjen, kluskes yn en om it hûs út te fieren is dêr no gjin sprake fan. It ferhaal giet dat troch de lange winterstop de kluskes der net mear binne, al hoe graach men dat ek dwaan wol.

Ek oer dit probleem hat de redaksje neitocht. Wy hawwe twa ynteressante projekten fûn dy’t noch wat klusefterstân hawwe. Yn oerlis mei de eigners kinne wy jim meidiele dat jim sûnder problemen mei lieders te krijen,  dêr klusse kinne at er te folle spilers binne. Foar de echte leafhawwers lizze der prima tiidrôvende klussen op it adres Walperterwei 21 en Swingoerd 25.

Wy wolle graach foar jim bemiddelje.