Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
29 november 2006
Seleksjes -sneon-
1 december 2006
Fiskje
Inkelde SDS’ers binne sljucht op Snoekfiskjen. Der is no spesaal in webside foar harren:www.nederlandvist.nl. Dizze webside is makke troch Mark, Henk en Johan Postma.

Image
Lytse Henk mei grutte Snoek.

Goeiejûn,
Hjir in nijtsje út ‘e kategorie ‘wêr bliuwe se’ of ‘âld-SDS-ers’. Sjoch hjir.

Sponsoren fan de wedstryd
Sneon spilet SDS 1 tsjin Be Quick Dokkum. De earste wedstryd yn Dokkum einige yn 1-1. De sponsoren fan dizze wedstryd binne
Bos Mechanisatie yn Easterein  en Makelaardij Sneek. Wat dizze bedriuwen allegear te bieden hawwe kinne jim fine op harren webside.
 
Ien skoech
Sipke Hiemstra seach ferline wike Abraham en hij seach ek yn de tún in moaie pop stean mei ien fuotbalskoech oan. De pop is wer ôfbrutsen. Ferfelend is it dan dat de bouwers fan de pop it spul net weromlizze op it plak wêr’t it wei komt. Sa kaam Sipke tongersdei op de training mei mar ien skoech.

Ald tsjin jong
Der is wer hoop foar de âldtsjes. Tongersdeitejûn hawwe se wer wûn fan de jeugd.

Al 20 jier op it selde plak
De lieders fan de senioren alvetallen komme tongersdeitejûns altyd bijelkoar om de alvetallen gear te stallen. Dat dogge se altiten yn de bestjoerskeamer. Al 20 jier is dat sa, neffens lieder Brouwer. Hij en ek oaren wiene der suver ôf doe’t bliken die dat de Treffer redaksje beslach nommen hie fan de keamer. Sij moasten dúdlik tsjin it sin útwike nei in oare romte. Undanks dat binne se der wer yn slagge om 5 alvetallen te bemannen.

Harsens derby(30)!!
Wêrom wurdt dizze spiler “de Ein” neamd? Klik
hjir.

Letter hjoed seker mear!