Wepperkes -freed-

Oefenprogramma SDS 1 bekend
21 juni 2007
Easterein komt mei foarseleksje
23 juni 2007

Seleksje Easterein
Ek de koaches fan Easterein, Freddy Scheltema en Klaas Okkema binne drok oan it stinnen oer de seleksje fan Easterein op 24 augustus. Moarn komme sy mei de foarseleksje. Moai op ‘e tiid foar de Eastereiner feesten.

Futsal
De kompetysje-yndieling foar SDS futsal 1 is ek rûn. SDS hoecht mar 3 kear de provinsje út, namelijk nei Drs.Vijfje(Grins), Old Forward(Wilhelminaoord)) en Urk. Dit is it rissultaat.

Hoofdklasse A

Avanti 2

Blauw Wit ’34 1
Drs. Vijfje 3
FFS 1
Friesland 1
Herauten De 1
Leeuwarden 1
Old Forward 1
SDS 1
Urk zvv 2
Workum 1
ZVF 1


Spion?
Op de webside fan Wommels is it folgende te lêzen(klik hjir). Klik foaral de foto efkes oan en sjoch wat der efter Nij Stapert stiet……….

Goeie trainer
Foarige wike hienen wy in poll oer de nije trainer fan Feyenoord, Bert van Marwijk. Wie dit in goeie keus of net? De SDS’ers binne it aardich iens. 12 stimmen binne it mei de stelling iens en mar 4 net. No noch goeie fuotballers.

SDS-partoer
Jaap Toering lit ús witte dat der sneon yn Bitgum in echt SDS-partoer op de list stiet. Jaap keatst mei Skelte en Tsjalling. Hy lit witte dat sy alle 3 al in spiker yn de muorre slein hawwe…….

Pittich
Ûnder lieding fan Klaas de Haan hat Willem Wijnia aardich oan syn kondysje wurke op Fields of Rock. Klaas stjoerde him yn de polder de “Circle Pit” yn. Wy kinne wol sizze dat dit aardich “pittich” wie……….(klik hjir).

Valkenburg
We geane alwer aardich snel nei it wykein fan 11 en 12 augustus. It wykein fan Valkenburg 2007!! Lykas ferline jier sil der wer striden wurde om de felbegearde giele trui yn it Limburgse lanskip. Derneist bestiet der no ek de mooglikhyd foar froulju om yn wedstrydferbân mei te dwaan, Le Tour Féminin!! Dus de Van Moorsels en Longo’s kinne harren no ek opjaan!! Fansels meie de mannen harren ek noch opjaan. Opjaan kin by Dirk-Yde Sjaarda(klik hjir).
Dit is de list oan ’t no ta:
1 Pieter Sybesma
2 Tineke Kamstra
3 Dirk de Jong
4 Marten Faber
5 Rixt Vijlbrief
6 Dirk-Yde Sjaarda
7 Tsjipke-Klaas Okkema
8 Esther Hoitinga
9 Martina Ybema
10 Sybrand v/d Weij
11 Judy Bergsma
12 Froukje Dijkstra
13 Robert Hoekstra
14 Tineke Meijer
15 Jan-Simon Jelsma
16 Marco Hoekstra
17 Lysbeth Huitema
18 Harm-Auke Dijkstra
19 Vera de Vries
20 Anne Stenekes
21 Metsje Huitema
22 Robert Sybesma
23 Wiepkje Hiemstra
24 Romine Jelsma
25 Hendrik Kuiper
26 Hilda Bosma
27 Gerard van Asselt
28 Jacob-Sjirk Joustra
29 Christian Hoekstra
30 Tjerk Politiek
31 Margriet Rienstra
32 Jan Stenekes
33 Lisanne van Dijk
34 Hanny Overal
35 Abe-Jan Stegenga
36 Liesbeth Bootsma
37 Gerben Bootsma

Seizoenkaart
As Feyenoord dizze spiler hellet dan helje ik hjoed noch in seizoenkaart…………….(klik hjir) Hy wie fan ‘e wike by Boca Juniors wer de man yn de finale fan de Copa Libertadores(klik hjir). Hy wie ferhuurd troch Villareal, mar mei fuort(klik hjir).

Slagge!
Trienus de Jong(SDS 4) is fan ‘e wike slagge foar syn oplieding tot sikenautorider. Fan herte lokwinske! No mar hoopje dat hy mear leard hat as dizze nije kollega’s(klik hjir).

Goed nijs!
Goed nijs hjoed foar de “bierbúkjes”(klik hjir).