Beker SDS 2
SDS 2 sit dit seizoen yn de folgende poule:
1. | Balk 2 |
2. | Makkum 2 |
3. | SDS 2 |
4. | Workum 2 |
Beker SDS 3
Ek SDS 3 docht dit seizoen mei om de beker. Sy sitte yn de folgende poule:
1. | AVC 2 |
2. | Blauw Wit ’34 3 |
3. | Minnertsga 2 |
4. | SDS 3 |
Beker SDS feteranen
De feteranen fan SDS moatte yn de earste ronde fan de beker tsjin Zeerobben 35+.
Kompetysje-yndielingen futsal
Ek de kompetysje-yndielingen fan it sealfuotbaljen binne bekend. Klik hjir om se te sjen.
Speeldagenkalender
Welk wykein moat wy frij hâlde en wannear kinne wy mei fakansje folgend jier. Besjoch it oan de hân fan de nije speeldagenkalender(klik hjir).
Fan herte!
Webmaster Aant Hofstra is juster 52 jier wurden! Fan herte lokwinske! Klik hjir om him ek lok te winskjen!
WK
Juster waard der wer fuotballe yn Wommels. 9 minsken dienen der mei oan de partij(Akke-Rixt, Pieter, Eeltje, Ate-Feike, Jelmer, Sjoerd, Gerlof-Jan, Ralph en Willem). It waard in oerwinning foar it ploegie fan 5. Hichtepunt fan de jûn wie it momint dat Eeltje(en dêrmei de rest ek) der efter kaam dat it bagger yn it baggerdepot noch net hâldt. Mei dat Eeltje in bal pakke woe fan de bagger sakke hy der oan ’t de knibbel ta yn. Fanôf no giet Eeltje dan ek troch it libben as Eeltje …………Baggerdepostma!
Golfe!
Marcel Frankena is gek fan golfen. Dit is best, mar it is ús allinne net hielendal dúdlik wêrom ’t hy de heren fan SDS 1 dit spultsje lere woe(klik hjir).
Lieverdje?
Zidane mocht fansels gjin kopstoot jaan oan Materazzi yn de WK-finale, mar sa ’t wy allegear witte is dy Materazzi ek net sa ’n leaf jonkje(klik hjir).
Letter mear!