Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
7 juni 2006
Midsimmercup 2006
8 juni 2006

It begjin fan it krúske
Us redaksjeslid Gearard fan Asselt is ek wer wekker wurden nei in hiele lange en djippe sliep. Syn ferhaal oer syn belibbenissen wolle wij jim net ûthâlde. Wij hawwe djip respekt foar dit tige sportive redaksjelid. Hij wurket ommers bij Time Out.

Gerard en de swan
Ik lêsde op de site dat jim mij mist ha bij de finish. Dit is ek frij logysk. Troch omstannichheden seach ik der net mear út as de âlde.

Ungefear op de helte ( wommels ) begongen mien fuotten en nekke aardich te fersuren. Nei noch sa n 50 kilometer fielde ik mien hiele licham net iens mear. It gefolch hjirfan wie dat ik noch mar 5 mile per oere fietse koe. Einliks gie it fanôf it begjin al ferkeard.
Ik wie yn grutte foarm en ik siet lekker te skûljen yn in peleton fan sa n 15 man. Nei 30 kilometer rop in frommes: zwaan steekt over,zwaan steekt over!!!!
Dit hie ik te let yn é gaten en it hiele peleton trape op ‘e rem. Myn refleks wie net sa best op dat moment en ik knypte yn mien stjoer yn stee fan de rem. Ik skeat mei mien rotgong de berm yn en raasde op de swan ôf. Ik hie noch gelok dat ik em net  yn e speaken hie. Mar ja. Jim snap ik wol dat dit wol jo hiele reis mei nimt.

Gerard en de dyk en de wyn
Mar 1 ding: 1 keer nooit weer!! Die ferrekte seedyk hat mij ek mooi nekt. Wynkrêft 8 en fol yn e wyn. Mar ik ha it helle. Al is de ear natuurlijk ek wat oan Watse, dy hat mij sa’n 35 km mei sleure moatten. Oankaam bij de finish ha ik noch twa bierkes efteroer tokkele, mar die preaunen net mear nei bier helaas. Nei die twa fersnaperings ha ik mar snel myn bed op socht en dat lei ferrekte noflik!!!Nei 15 oeren ‘sliepherstel’ bin ik der wer aardig.
Folgend jier mar wer!!!!!!!!!!!
Gr gva

Wat in kracht………
Der waard freedtejûn aardich serieus golft. Talinten kamen boppe driuwen. Sa wie Henk Postma Tiger Woods gelyk. Marcel liet sjen hoe ’t it wol moast(klik hjir) en Robert hoe ’t it net moast……(klik hjir).

De WK leaugue
Oan  freed 12 oere ta hawwe jim de tiid om de formulieren bij Aant te bringen of te mailen.
Wij sille dus noch wol wat formulieren ferwurkje moatte en dat dogge wij de kommende dagen. Want it rûn justerjûn efkes “stoarm”. Der binne al mear as 50 dielnimmers. Wij besykje op sneintejûn mei de earste tuskenstân te kommen. Dit hat ek mei it moaie waar te meitsjen want wylst de iene wepmaster op fakansje giet is de oare der dit wykein ek op út. En omdat de lisfyts noch net útrêsten is mei in laptop stiet it wepmasterjen op in leech pitsje..

Midsimmercup 2006
Sneon is de Midsimmercup yn Dronryp. Dizze wurdt foar de 3e kear organiseare. Klik hjir foar mear ynformaasje.

WK-plaat
Ek Salomon Kalou hat in WK-plaatsje opnommen(klik hjir).