Wepperkes -freed-

Slotjûn D-, E- en F-pupillen!
11 mei 2006
Programma 13 maaie 2006
12 mei 2006

Erik nei SDS
Erik Haitsma hat te kennen jûn dat hy nei SDS komt. Nei inkelde jieren by Cambuur yn de jeugd fuotballe te hawwen komt hy werom nei syn earste klup. Ôfrûne moandei hie hy noch in gesprek hân mei in Snitser klup. Hy joech sels te kennen dochs
 te kiezen foar SDS.

Erik kin net allinne goed fuotbalje……….

Seleksjes sneon
Wy binne benijd mei wat foar spilers de ferskeidene teams moarn yn ’t fjild komme. Hopelijk hat elts team genôch spilers. SDS 1 en 2 hawwe moarn sa ’t it no liket 13 man. Dat moat genôch wêze.

12 spilers en 1 auto
SDS 4 moast tongersdeitejûn fuotbalje tsjin Lions 2. Om 6 oere krige lieder Ids in tillefoantsje út Ljouwert. Der stiene 12 spilers klear en mar 1 auto. En der wiene fierders ek gjin autos te besetten. Mei oare wurden: mei dizze kutsmoes melden de Lions harren ôf.
Djiptepunt wie ek noch dat se doarden te freegjen dat de wedstryd ek op papier regele wurde koe. Moai net dus. Komme se oare kear mar mei de bus.

SDS 4 traint mei folsleine seleksje op haadfjild
Yn stee fan in wedstryd fuotbalje, koe der no moai traind wurde. Noch nea wie de opkomst sa grut. Nei in goed kertier konstatearde Jaap Boekholt dat er yn de foargeande wedstriden noch nea sa folle draafd hie.  Nei in oere moast Jaap ôfheakje mei in efterbil blessure.

Wol wat lullich fan ús
Hjir boppe diene wij berjocht fan de Lions dy’t net kamen. Underwilens hawwe wij in foto út Lkouwert krigen dat se it echt besocht hawwe yn ien auto. It slagge wol, mar de tassen koene der net yn. Fandêr dat se dus ôfskillen.   De seleksje fan SDS 4 biedt eksuses oan foar de ferkearde tinzen én praatsjes dy’t justerjûn dochs wol wat opkamen oer Ljouwerters yn it algemien en Lions yn it bysûnder.



Nij skoareboerd

It skoareboerd stiet te plak. It soe tongersdietjûn yn gebrûk nommen wurde mei de wedstryd SDS4- Lions 2, mar dat gie dus net troch. Roel hie him al hielendal ynsteld om te fuotbaljen mei de ôfstansbetsjinning op de rêch.

C1
Klaas Pompstra hie al sein dat it tsjin Scharnegoutum net allegear goed gien is. Jim kinne it krekte dêrfan
hjir lêze. Dat Klaas seker net ferhúzje sil nei dit doarp is no wol dúdlik.

Lykspile
Moandei hat SDS E3 tsjin CSL E2 ut Stiens balle.
4-4 wie de útslach.

In wike langer
SDS 1 traint folgende wike noch 2 kear en dan is dat ek oan ‘e kant. Wy binne benijd wa ’t spiler fan it jier wurde sil.